Walfridus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Plaatsje en noch wat
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 44:
| webside =
}}
'''Walfridus''' (ek '''Wolfryt''') libbe tusken 950 en 1000 en wie in lânoanmakker yn de omkriten fan it lettere doarp [[Bedum (doarp)|Bedum]]. Walfridus waard tegearre mei syn soan fermoarde troch [[wytsings]] en yn de midsiuwen fereare as martler.
 
== Libben ==
Neffens in [[hagiografy|vitae]] wiene Walfridus en syn soan Radfridus boeren, dy't it sompige lân oanmakken en as fromme [[kristen]]enen bekend stiene. Hja tsjerken yn de [[Martinytsjerke (Grins)|Sint-Martenstsjerke]] fan [[Grins (stêd)|Grins]], doe noch in doarpke en alle dagen makken hja de reis nei Grins om de misse by te wenjen. Ek makken hja mei in begjin oan it bedykjen fan de kontrijen, de Wolddyk, dy't fan Grins om Bedum hinne rint oant Woltersum en ien fan de âldste diken fan Nederlân is, en bouden hja in brêge oer de [[Hunze]], dy't troch syn famylje ûnderholden waard.
 
Doe't [[wytsings]] op ien fan harren lêste tochten yn de Fryske lannen húsholden en it doarp Grins plonderen, werby't ek de Martenstsjerke yn brân stutsen waard, kamen hja op de weromreis nei harren skippen Walfridus en Radfridus tsjin. Neffens de hagiograaf Rosweyde waard Walfridus ûnthalze en it lichem fan Radfridus nei ferrin fan tiid yn it reit werom fûn. De wytsings soene Walfridus earst noch meinommen ha en it lichem pas tsjin it beteljen fan losjild oerdroegen ha oan de famylje.