Makkabeeske Opstân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Wurk}} {{Ynfoboks militêr konflikt |campaign= |conflict = Makkabeeske Opstân |partof = |image = 250px |caption = Judeä yn..."
 
No edit summary
Rigel 19:
|}}
De '''Makkabeeske Opstân''' ([[Hebriuwsk]]: מרד החשמונאים‎) wie in [[Joaden|Joadske]] [[opstân]], fan [[167 f.Kr.]] oant [[160 f.Kr.]] dy't laat waard troch de [[Makkabeeërs]], tsjin it [[Seleusidyske Ryk]] en de [[Hellenisme|hellenistyske]] ynfloed op it Joadske libben.
 
== Skiednis ==
Neffens it boek [[1 Makkabeeërs]] hiet kening [[Antiochus Iv Epifanus]] fan it Seleusidyske Ryk it ferbieden fan it útoefenjen fan it [[joadendom]]. [[Mattatias]] de [[Hasmoneeërs|Hasmoneeër]], dy't in [[preester]] fan [[Modi'in]] wie, wegere de Grykske goaden te ferearjen. Doe waard der in hellenisearre Joad oansteld dy't it plak fan Mattatias by in ritueel oernimme moast. Mattatias fermoarde dy hellenisearre Joad lykwols allyk de Grykske offisier dy't stjoerd waard dat ritueel ôf te twingen. Mattatias en syn fiif soannen flechten dêrnei de wyldernis fan Judeä yn. Dat barren late ta de opstân. In jier letter, yn [[166 f.Kr.]], ferstoar Mattatias, en syn soan [[Judas de Makkabeeër]] sammele in leger fan Joaden, en hja waarden de Makkabeeërs neamd. Hja brûkten in soarte fan [[guerilla]]-taktyk om de Seleusiden te bestriden. Ynearsten wie harren striid ornearre tsjin de hellenisearre Joaden, want der wiene lykwols in soad fan. De Makkabeeërs fernielden de Grykske alters, [[besnijenis|besniene]] de jonges en ferballen de hellenisearre Joaden. Judas syn bijnamme, "de Makkabeeër" waard dêrnei foar de gânse groep rebellen brûkt, en komt fan it [[Hebriuwsk]]e wurd foar "hammer".
 
De opstân bestie út in stikmannich fjildslaggen, dêr't de Makkabeeërs ferneamd waarden om harren guerilla-taktyk en faasje. foar de grutte, mar stadige Seleusidyske leger oer. Nei de oerwinning lutsen de Makkabeeërs [[Jeruzalim]] yn en makken se de [[Twadde Timpel|Timpel]] ritueel skjin. Hja stelden [[Jonatan Affus]], Judas syn jongste broer, oan as hegepreester. In grut Seleudysk leger waard nei Judeä ta stjoerd en slach de opstân del, mar kearden werom doe't kening Antiochus IV ferstoar. Judas hie njonkelytsen in ferdrach mei de [[Romeinske Republyk]] tekene, en hja waarden alliearden tsjin it ferswakke Seleusidyske Ryk.
[[Lysias (Syryske regint)|Lysias]], dy't de taken fan Antiochus waarnaam, nei't dy ferstoarn wie, hie it drok mei binnenlânske Seleudyske saken en luts it ferbod op it útoefenjen fan it joadendom fan Antiochus wer yn.