Makkabeeske Opstân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 18:
| casualties2=
|}}
[[Ofbyld:Plate 14 of 22 for the Macklin Bible after Loutherbourg. Bowyer Bible. Mattathias Punishes Idolatry 2.gif|thumb|Mattatias dy't de ôffallige Joad ombringt troch [[Philippe de Loutherbourg]]]]
[[Ofbyld:Road-443-burial-cave-34.jpg|thumb|De grêf fan de Makkabeeërs by it hjoeddeistige [[Mevo Modi'im]]]]
De '''Makkabeeske Opstân''' ([[Hebriuwsk]]: מרד החשמונאים‎) wie in [[Joaden|Joadske]] [[opstân]], fan [[167 f.Kr.]] oant [[160 f.Kr.]] dy't laat waard troch de [[Makkabeeërs]], tsjin it [[Seleusidyske Ryk]] en de [[Hellenisme|hellenistyske]] ynfloed op it Joadske libben.
 
== Skiednis ==
Neffens it [[Apokryf|apokrive]] boek [[1 Makkabeeërs]] hiet kening [[Antiochus Iv Epifanus]] fan it Seleusidyske Ryk it ferbieden fan it útoefenjen fan it [[joadendom]]. [[Mattatias]] de [[Hasmoneeërs|Hasmoneeër]], dy't in [[preester]] fan [[Modi'in]] wie, wegere de Grykske goaden te ferearjen. Doe waard der in hellenisearre Joad oansteld dy't it plak fan Mattatias by in ritueel oernimme moast. Mattatias fermoarde dy hellenisearre Joad lykwols allyk de Grykske offisier dy't stjoerd waard dat ritueel ôf te twingen. Mattatias en syn fiif soannen flechten dêrnei de wyldernis fan Judeä yn. Dat barren late ta de opstân. In jier letter, yn [[166 f.Kr.]], ferstoar Mattatias, en syn soan [[Judas de Makkabeeër]] sammele in leger fan Joaden, en hja waarden de Makkabeeërs neamd. Hja brûkten in soarte fan [[guerilla]]-taktyk om de Seleusiden te bestriden. Ynearsten wie harren striid derfoar ornearre om tsjin de hellenisearre Joaden te fjochtsjen, want der wiene lykwols in soad fan. De Makkabeeërs fernielden de Grykske alters, [[besnijenis|besniene]] de jonges en ferballen de hellenisearre Joaden. Judas syn bijnammebynamme, "de Makkabeeër" waard dêrnei foar de gânse groep rebellen brûkt, en komt fan it [[Hebriuwsk]]e wurd foar "hammer".
 
De opstân bestie út in stikmannich fjildslaggen, dêr't de Makkabeeërs ferneamd waarden om harren guerilla-taktyk en faasje., foar de grutte, mar stadige Seleusidyske leger oer. Nei de oerwinning lutsen de Makkabeeërs [[Jeruzalim]] yn en makken se de [[Twadde Timpel|Timpel]] ritueel skjin. Hja stelden [[Jonatan Affus]], Judas syn jongste broer, oan as hegepreester. In grut SeleudyskSeleusidysk leger waard nei Judeä ta stjoerd en slach de opstân del, mar kearden werom doe't kening Antiochus IV ferstoar. Judas hie njonkelytsen in ferdrach mei de [[Romeinske Republyk]] tekene, en hja waarden alliearden tsjin it ferswakke Seleusidyske Ryk.
[[Lysias (Syryske regint)|Lysias]], dy't de taken fan Antiochus waarnaam, nei't dy ferstoarn wie, hie it drok mei binnenlânske Seleudyske saken en luts it ferbod op it útoefenjen fan it joadendom fan Antiochus wer yn.
 
== Neisleep ==
Nettsjinsteande de Makkabeeske oerwinning kamen alle fiif soannen fan Mattatias mei geweld om it libben: Judas en Eleazar sneuvelen yn de slach, Jonatan waard ferret en waard fermoarde troch de Seleusidyske generaal [[Diodotus Trifon]], Simon waard yn [[Jericho]] troch syn skoansoan [[Ptolemeüs (soan fan Abubus)|Ptolemeüs]] fermoarde, en Jehannes waard oppakt en fermoarde troch de soannen fan Jambri fan Medeba.
 
Nei de oerwinning fan de Makkabeeërs krige de [[dynasty]] fan de [[Hasmoneeërs]] de hearskippij oer [[Judeä]]. Hja wiene noch net dien mei de striderijen en oermasteren gebieten om Judeä hinne. De Joaden, dy't trou oan it [[hellenisme]] bleaune, waarden twongen om de [[Wet fan Mozes]] oan te nimmen. Hja fregen it Seleusidyske Ryk foar help, mar dy waard sterk ferswakke troch binnenlânske tsierderijen en oarloggen mei oare keninkriken, lykas mei it [[Ptolemeesk Egypte]]. Dat fermindere harren mooglikheid en oermasterje Judeä fannijs.
 
Yn ien gefal lykwols waard [[Jonatan Affus]], in soan fan Mattatias, troch de Seleusidyske generaal [[Diodotus Trifon]] oertsjûge om 40.000 fan syn manlju dien te jaan en him te moetsjen by in "konferinsje". Dat bliek lykwols in leage te wêzen en Jonatan waard oppakt en letter fermoarde. Dat gie tsjin de ûnderhanneling yn dy't Jonatan syn broer Simon mei Trifon makke hie en lit Jonatan frij yn ruil foar hûdert talinten en Jonatan syn twa soannen as [[gizelder]]s. Simon sels waard dêrnei fermoarde troch syn skoansoan Ptolemeüs, soan fan Abubus. Neitiids waard Simon syn tredde soan, [[Jehannes Hyrkanus]], de Hasmoneeske kening en hegepreester fan Israel.
 
== Neibeskôging ==
Yn de apokrve boeken [[1 Makkabeeërs]] en [[2 Makkabeeërs]] wurdt de Makkabeeske Opstân omskreaun as in opstân tsjin de kulturele en religieuze ûnderdrukking troch in bûtenlânske macht. Hjoeddeistige [[skiedkundige]]n tinke lykwols dat de Seleusidyske kening yn in [[boargerkriich]] tusken tradisjonele Joaden fan it plattelân en hellenisearre Joaden yn Jeruzalim yngriep. It yngripen fan de Seleusiden wie dus gjin religieuze ûnderdrukking, mar earder in bestraffing fan de sosjale ûnrêst. De Timpel waard fannijs opboud op oantrúnjen fan hegepreester [[Menelaus (hegepreester)|Menelaus]], en dus net befrijd en fannijs ynwijd waard troch de Makkabeeërs.
 
== Neilittenskip ==
De Joadske [[hjeldei]] [[Chanûka]] fiert de nije ynwijing fan de Timpel nei de oerwinning fan Judas de Makkabeeër op de Seleusiden.
 
{{DEFAULTSORT:Makkabeeske Opstan}}
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Maccabean_Revolt ''References'', op dizze side].
}}
 
[[Kategory:Skiednis fan Israel]]
[[Kategory:Hasmoneeërs]]
[[Kategory:Militêr treffen fan Israel]]
[[Kategory:Militêr treffen fan it Seleusidyske Ryk]]