Grifformearde tsjerke (Muntsjesyl): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = ''Grifformearde tsjerke'' | ôfbylding = Grifformearde tsjerke, Muntsjesyl.jpg | ôfbyldingsbreedte..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 23 nov 2020 om 21.44

De Grifformearde Tsjerke is in tsjerkegebou út 1913 fan de PKN yn Muntsjesyl.

Grifformearde tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Muntsjesyl
adres Methardusstrjitte 19
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1913
arsjitekt L. Reitsma
offisjele webside
PKN Muntsjesyl

Skiednis en beskriuwing

 
Oargel

De tsjerke waard yn 1913 troch de arsjitekt Lammert Reitsma as sealtsjerke boud. Oan de súdeastlike kant hat de tsjerke in út de gevel rizende klokketoer.

De ynrjochting is noch oarspronklik en ek de banken binne noch oanwêzich.

Yn de âldjiersnacht fan 2017 op 2018 waarden de muorren en de brânskildere ramen fan de tsjerke slim bekladdere mei farve. In skjinmakkersbedriuw bea de tsjerke oan om de it gebou sûnder kosten skjin te meitsjen.[1]

Oargel

It oargel waard boud troch de Dútske bruorren Rohlfing út Osnabrück. It ienmanualige ynstrumint mei frij pedaal is pneumatysk en wurdt troch Mense Ruiter ûnderholden. Yn 2015 waard it oargel op 'e nij yntonearre, krige de grutte blaasbalge nij lear en binne de grutte houten pipen skjin makke.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. RTV, 1 jannewaris 2018