Libanon (berchtme): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 28:
 
De [[Fenysjers]] brûkten de bosken foar it bouwen fan harren skippen en foar de hannel mei harren [[Levant]]ynske buorren. De Fenysjers en de hearskers dy't letter oer it gebiet hearsken siedden en befoarrieden algeduerigen it berchtme oant yn de [[sechtjinde iuw]].
 
== Skiednis ==
It Libanonberchtme waard al ferskate kearen neamd yn it [[Alde Testamint]]. De Joadske Timpel yn [[Jeruzalim]] waard mei [[seder]]hout fan de Libanon boud. De Fenysjers brûkten de sederhout foar it bouwen fan harren skippen sa't se de Middellânske See befarre koene. Hja wiene de earsten dy't doarpen yn de Libanon stiften, dêr't men fan it houtsjekappen libbe en nei de kust ta ferfierde.
 
Neffens it skriuwen fan [[Eusebius fan Caesatrea]] liet de [[Romeinske keizer]] [[Konstantyn de Grutte]] in timpel fan [[Fenus (mytology)|Fenus]] yn de bergen fan de Libanon ferniele. Nei de [[fyfde iuw]] n.Kr. kamen kristlike [[muonts]]en, dy't folgelingen fan de hjerremyt [[Maron fan Beit]] wiene, fan noardlik Syrje nei it uterste noarden fan it berchtme en preekje harren leauwe oan de befolking dêre. Oan de ein fan de [[achtste iuw]] hiet de [[Byzantynske Keizerryk|Byzantynske keizer]] de [[Mardaïten]] en fêstigje harren yn it noarden fan Libanon om islamityske gebieten yn Syrje oan te fallen. Hja mingden mei de pleatslike befolking en hja wegeren it gea te ferlitten nei't de keizer in ferdrach mei de [[kalyf]] fan [[Damaskus]] sletten hie, dus se waarden part fan de Maroniten. Yn [[1291]] nei de [[Belis fan Akre (1291)|fal fan Akre]] fêstigen de oerbliuwende Jeropeanen, dy't it slagge wiene om út de hannen fan de [[Mammelukken]] te bliuwen, harren yn Noard-Libanon, en hja waarden ek part fan de Maroniten.
 
Yn de [[njoggende iuw]] fêstigen [[Stamme|stamme]]n fan de [[Janukiden]] út Syrje yn de Súd-Libanon. Dy stammen waarden yn de [[alfde iuw]] bekeard ta it leauwe fan de [[Druzen]] en hja hearsken dat gebiet dat bekend waard as ''[[Jabal ad-Druze]]''. Nei it besykjen de Libanon te ferienigjen, waarden Maroniten en oare [[kristenen]] yn it gebiet fan de Druzen talitten.
 
Yn de [[Achttjinde iuw|achttjinde]] en it begjin fan de [[njoggentjinde iuw]] kamen der mear en mear Maroniten yn it gebiet fan de Druzen. De Druzen seagen dy Maroniten as in driging en dat late ta ferskate tsierderijen in it midden fan de njoggentjinde iuw. Der bruts al gau in lytse [[boargerkriich]] út en tûzenen kristenen waarden ôfslachte. De Druzen wûn dy slach, mar Jeropeeske machten, sa as [[Frankryk]] en it [[Feriene Keninkryk]], griepen yn út namme fan de Maroniten en hja ferparten Libanon yn in Maronitysk en Druzysk part. In stikmannich Druzen ferfearen dêrnei nei súdlik Syrje. Yn [[1861]] waard it autonoom distrikt Libanon yn it [[Ottomaanske Ryk]] stifte, lykwols ûnder ynternasjonaal tafersjoch. It waard hearske troch in Ottomaanske lânfâd, de ''Mutasarrıf''. Kristenen foarmen de mearderheid fan de befolking fan it Libanonberchtme, mei in grutte Druzyske minderheid .
 
Tsientallen jierren lang hawwe de kristenen by de Jeropeeske machten der op oantrune, en jou harren selsbestjoer oer "[[Grut-Libanon]]", dat nei it gebiet fan it berchtme, mei de kuststripe yn it westen en de [[Bekadelling]] yn it easten, ferwiisde. Nei de [[Earste Wrâldkriich]] krige Frankryk it mandaat oer de eardere Ottomaanske gebieten yn de noardlike Levant. Hja foarmen yn [[1920]] Grut-Libanon, dat ornearre waard foar de kristlike befolking fan it [[Midden Easten]].