Feerwerd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Kerk van Feerwerd.jpg |thumb|[[Jakobustsjerke Jacobustsjerke(Feerwerd)|Jakobustsjerke]]]]
[[Ofbyld:20080510 Joeswert Feerwerd NL.jpg|thumb|upright|160px|Feerwerd, nôtmûne Joeswert (2008)]]
'''Feerwerd''' ([[Grinslânsk]]: ''Fiwwerd'') is in [[terpdoarp]] yn de gemeente [[Westerkertier (Grinslân)|Westerkertier]] yn [[Grinslân]]. It leit tusken [[Ezinge]] en [[Garnwerd]]. Yn 2008 wennen der 170 minsken.<ref>{{nl}}[http://statline.cbs.nl/StatWeb/publication/?DM=SLNL&PA=70904NED&D1=9&D2=728&D3=a&HDR=T&STB=G1,G2&VW=T CBS Statline, 2008]</ref>
Rigel 6:
Feerwerd wurdt foar it earst neamd yn [[1283]], al wurdt oannommen dat de âldste terp al foar it begjin fan de jiertelling bewenne wie. It doarp is part fan it gebiet dat [[Middag]] hjit. Dat ûntstie yn de [[8e iuw|achtste iuw]] troch ynbrekken fan de [[Lauwerssee]]. It gebiet waard bedike, wêrnei't Feerwerd mei de doarpen Ezinge en Garnwerd op in skiereilân te lizzen kaam.
 
Yn it doarp stiet de ''Jacobustsjerke'', dy't nei alle gedachten oan it ein fan de [[12e iuw|tolfde iuw]] of yn it begjin fan de [[13e iuw|trettjinde iuw]] boud waard. De toer fan de tsjerke is yn [[1859]] setten. Yn de Jacobustsjerke is in [[grêfkelder]] út [[1600]], wêr't leden fan de famylje ''Aldringa'' begroeven binne, dy't eartiids ien fan de trije [[Boarch|boargen]] yn de omkriten fan it doarp bewennen.

De Jacobustsjerke[[Jakobustsjerke (Feerwerd)|Jakobustsjerke]] is sûnt 1977 eigendom fan de ''[[Stifting Alde Grinslânske Tsjerken|Stichting Oude Groninger Kerken]]''.
 
Yn Feerwerd stiet ek de [[nôtmole|nôtmûne]] ''Joeswert'', dy't yn [[1855]] boud is. De mûne is noch altyd [[mealree]] en is ien fan de iennige wêr't noch [[spjelt]] meald wurdt.