Herfoarme tsjerke (Grypskerk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Herfoarme tsjerke ''Hervormde kerk'' | ôfbylding = Grypskerk, herfoarme tsjerke.jpg | ôfbyldingsbreedte..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 27 nov 2020 om 09.54

De herfoarme tsjerke yn Grypskerk is in tsjerkegebou dat yn 2019 oerdroegen waard oan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.

Herfoarme tsjerke

Hervormde kerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Westerkertier
plak Grypskerk
adres Kerkplein 11
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1612
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 18789 [1]
offisjele webside
Side tsjerklike gemeente

Skiednis

Om it jier 1500 hinne stifte Nikolaas Grijp in kapel, dy't in jier as wat letter troch in tsjerke ferfongen waard. It tsjerkegebou waard yn de Tachtichjierrige Kriich yn 1582 ferneatige troch plonderjende troepen.

 
Oargel

Tusken 1605 en 1612 fûn de weropbou as protestantske tsjerke plak. Yn 1856 waard de tsjerke nei it easten ta langer makke en ôsletten mei de hjoeddeiske tagong. Ek waard om dy snuorje de tsjerke bepleistere.

Om de tsjerke hinne lei eartiids in grêft, mar fanwegen it oanlizzen fan de strjtte troch it doarp nei Fryslân yn 1845 moast de grêft dimpt wurde.

Yn 1872 wie de spits op de tsjerke sa brekfallich woarn, dat sloop needsaaklik wie. It tuorke waard oant 2001 mei in koepel ôfsletten, doe't oan de hân fan in tekening en it foarbyld fan de tsjerkespits fan Nijehove in nije spits rekonstruearre waard. De dakruter hat as wynwizer in oan it wapen fan Nikolaas Grijp ûntliende griffioen. De 18e-iuwske klok yn it tuorke waard yn 1943 foardere en is yn 1949 ferfongen.

Ynterieur

De tsjerke hat in stúke tonferwulft. Fan it âlde tsjerkemeubilêr is allinne de preekstoel út de boutiid fan de tsjerke bewarre bleaun. De âlde anken binnen ferdwûn en ferfongen troch moderne banken en stuollen. Yn de flier binne noch in tal sarken oanwêzich.

Oargel

It oargel fan de tsjerke waard boud troch de bruorren Luitjen Jacob en Jacob van Dam en yn 1832 oplevere. De bou waard mooglik troch in legaat fan 3.300 gûne fan de juffer Aaltje Thomas Wiersma. Nei in brân restaurearre Petrus van Oeckelen it oargel en joech dêrby it oargel syn de klank dy't karakteristyk is fan Van Oeckelen. Klaas Doornbos brocht yn 1927 feroarings oan it ynstrumint oan en nei de restauraasje fan de tsjerke wurke Mense Ruiter oan it oargel. It twamanualige ynstrumint waard yn de jierren 2008-2010 foar it lêst restaurearre troch oargelmakkerij Reil út Heerde. Dêrby bleaune de lettere feroarings hanthavene.[2][3]

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: