Herfoarme tsjerke (Noardhorn): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Herfoarme tsjerke ''Hervormde kerk'' | ôfbylding = Herfoarme tsjerke fan Noardhorn.jpg | ôfbyldingsbreedte..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 27 nov 2020 om 18.39

De herfoarme tsjerke fan Noardhorn yn de provinsje Grinslân is in 13e-iuwsk tsjerkegebou.

Herfoarme tsjerke

Hervormde kerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Westerkertier
plak Noardhorn
adres Toerstrjitte
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 13e iuw
boustyl Romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 18789 [1]
offisjele webside
Side herfoarme gemeente

Skiednis

De tsjerke waard om 1280 hinne boud en yn de rin fan de tiid feroare. Sa binne de muorren letter ferhege en waarden der grutte finsters ynbrocht. Yn 1765 krige de tsjerke in nije toer en nei alle gedachten waard doe tagelyk it skip langer makke, itjinge oan de súdlike muorre noch te werkennen is. De âlde yngongen oan de noardlike en súdlike muorre binne tichtset en in tichtmitsele finster yn de súdlike muorre jout oan hoe't de oarspronklike finsters der ea útseagen. Yn 1897 waard de eastlike muorre troch in bolbliksum skeind. De top fan de gevel waard net earder as by de restauraasje fan 1975-1976 rekonstruearre.

De tsjerke wurdt brûkt troch de herfoarme gemeente Noardhorn-Saaksum en waard yn 2002 foar it lêst restaurearre. Der is in stifting dy't him ynset foar it behâld fan de tsjerke.

Ynterieur

 
Oargel

De tsjerke hat in ryk fersierde preekstoel út 1718 mei fykwurk fan Jan de Rijk. De nachtmielstrafel datearret fan 1667. Fierder steane der yn de tsjerke fiif hearebanken. De klok út 1774 waard yn opdracht fan de Dútsers út de toer helle en omraand. Ut de roomke tiid datearret noch in piskina yn de eastlike muorre. De tsjintwurdige klok waard nei de kriich getten yn opdracht fan de gemeente Noardhorn.

Oargel

It oargel waard yn 1898 boud troch Jan Doornbos. Yn de jierren 1976-1978 waard it fergrutte ta in twamanualich ynstrumint. Dêrby waard âld materjaal brûkt fan in oargel út 1905 dat ôfkomstich wie fan de tsjerke fan Obergum.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: