Fenysje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Alfêst, mar ik ha de wiisheid net yn pacht
No edit summary
Rigel 27:
 
== Namme ==
De namme "Fenysje" waard nei alle gedachten algemien om't de Griken it folk dêre mei ''phoiniki'' (Gryksk Φοινίκη ''Phoiníkē'') oantsjutten. De namme giet faaks tebek op it eardere [[Lineêr B]] ''ponikijo'', dat fan de [[Alde Egypte|âlde egypnersEgyptners]] oernaam waard dy't ''Fnkhw'' foar "Syrjers" brûkten.<br>
Om't dat wurd hast itselde hearde as it Grykske wurd φοῖνιξ (''phoînix'') waard it dêroan synonym, fanwegen de belutsenens fan dat folk mei de ferneamde [[poarper]]kleurstof (Tyrysk poarper) troch it fangen en ferwurkjen fan poarperslakken. De Fenysjers wiene ferneamd om harren [[dadel]]s en kleurstoffen, dêrfan komt it dat de Griken Fenysje "poarperlân" neamden.
 
De lânseigen namme foar it lân wie 𐤐𐤕 (''Pūt'') en foar it folk wie 𐤐𐤍𐤉𐤌 (''Pōnnim'').
 
== Skiednis ==
Der is net in soad fan Fenysysk skriuwen en literatuer oerlevere. Itjinge dat bekend oer harren is, komt fan boarnen om utens, sa as fan oare beskavings, en fan [[archeology]]sk ûndersyk
 
=== Oarsprong ===
De [[Kanaän]]ityske kultuer, dêr't de Fenysyske kultuer fan ôfstammet, ûntwikkele himsels yn de [[kopertiid]]. [[Byblos]] is in archeologysk fynplak fan de iere [[brûnstiid]]. De stêd [[Ugarit]] is in archeologysk fynplak fan de lette brûnstiid, en wurdt archeologysk sjoen ta Kanaän rekkene, dochs heart de Ugarityske taal net ta de [[Kanaänitysk]]e taalfamylje.
 
Guon [[skiedkundige]]n tinke dat der bewiis is foar in [[Semiten|Semitysk]] fersprieden oer de [[Fruchtbere Healmoanne]] om sa'n [[2500 f.Kr.]] hinne, wylst oaren tinke dat de Fenysjers in mingsel binne fan de eardere net-Semtyske bewenners mei de Semityske nijkommers. [[Herodotus]] leaude dat de Fenysjers fan oarsprong út [[Bachrein]] ôfkomstich wiene, itjinge de lettere skriuwer [[Strabo]] it ek mei iens wie. Genetysk ûndersyk hat lykwols sjen litten dat de Libanezen fan hjoed-de-dei fan in befolking, dy't besibbe oan de Kanaäniten wie, ôfstamje.
 
=== Bloeitiid ===
Der waard mear oer Fenysje bekend troch de bemasterings fan it gebiet troch [[farao]] [[Tûtmosis III]] (1479-1425 f.Kr.). De Egyptners foelen de havenstêden Byblos, Arwad en Ullasa oan om't dy krúsjale ferbinings mei it efterlân (troch de rivieren de [[Nahr al-Kabir]] en de [[Orontes]]) hiene. Dy stêden joegen Egypte tagong ta de hannel mei [[Mesopotaamje]], en tagong ta in grutte hoemannichte [[seder]]hout yn it gebiet. Yn it midden fan de [[fjitjinde iuw f.Kr.]] waarden de Fenysyske [[stêdsteat]]en [[fazalsteat]]en fan Egypte. [[Tyrus]], [[Sidon]], [[Beirût]] en [[Byblos]] waarden de wichtichste stêden. De Fenysjers hiene in soad autonomy en harren stêden wiene gegoed en goed ûntwikkele. Byblos wie de wichtichste stêd bûten Egypte en wie in mulpunt fan it meitsjen fan [[brûns]]. Sidon en Tyrus krigen ek in soad belangstelling fan de Egyptners en sa ûntstie der stadichoan in ûnderlinge striid tusken de stêden.
 
De [[Amarna brieven]] neame dat fan 1350 oant 1300 f.Kr. de buorlju fan de Fenysjers, de [[Amoriten]] en [[Hettiten]], Fenysyske stêden oanfoelen, benammen yn it noarden. Egypte ferlear syn greep op de kuststripe fan Ugarit, yn noardlik Syrje, oant Byblos yn Mid-Libanon.
 
Yn it tiidrek fan de [[ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid]], tusken 1200 oant 1150 f.Kr., ferswakten en stoarten de measte beskavings fan dy tiid yn, lykas dy fan de Egyptners, de Hettiten en [[Mysene|Myseensk Grikelân]]. De Fenysyske beskaving oerlibbe dy stoarm en kaam lykwols om [[1230 f.Kr.]] hinne op en ûntjoech him fluch dêrnei. Dat tiidrek wurdt ek wol de "Fenysyske renêssanse" neamd. De Fenysjers waarden de wichtichste hannelers en seemacht yn de omkriten en soene dat foar de folgjende iuwen bliuwe.
 
Hja waarden de wichtichste hannelers yn it [[Middellânske See]]gebiet en stiften yn de [[tsiende iuw f.Kr.]] fannijs de lange hannelsrûte tusken Egypte en Mesopotaamje. Al yn de iere [[izertiid]] stiften de Fenysjers havens, warehuzen, merken en delsettings oan de kusten fan it Middellânske Seegebiet en fan it suden fan it [[Swarte See]]gebiet. Koloanjes waarden stifte op [[Syprus]], [[Sardynje]] de [[Balearen]], [[Sisylje]] en [[Malta]] en oan de kusten fan [[Noard-Afrika]] en it [[Ibearysk skiereilân]].
 
Yn dy tiid waard Tyrus de rykste en machtichste Fenysyske stêdsteat, benammen ûnder de hearskippij fan [[Hiram I]] (969-936 f.Kr.) en [[Itobaal I]] (887-856 f.Kr.]]. Tyrus wreide syn gebiet út nei it noarden oant Beirût ta, en oermastere syn âlde rivaal Sidon. Ek parten fan Syprus waarden oermastere. Itobaal neamde himsels "kening fan de Sidoanjers" en dy titel waard troch syn opfolgers brûkt. Dêrby kaam hast gâns Fenysje ûnder ien hearsker.
 
Yn de lette izertiid, tusken 750 en 650 f.Kr. wie de Fenysyske skipbou, hannel en kultuer op syn hichtepunt. De Fenysyske ynfloed oer it Grykske "easten" wie frij grut. Harren meast hannele produkt wie fijn tekstyl, ornaris kleure mei Tyrysk poarper. De [[Ilias]] fan [[Homearus]], dy't yn dy tiid skreaun waard, ferwiisde gauris nei de kwaliteit fan de Fenysyske kleaun en metalen reauwen.