Fenysje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Bloeitiid: plaatsje
Rigel 46:
De [[Amarna brieven]] neame dat fan 1350 oant 1300 f.Kr. de buorlju fan de Fenysjers, de [[Amoriten]] en [[Hettiten]], Fenysyske stêden oanfoelen, benammen yn it noarden. Egypte ferlear syn greep op de kuststripe fan Ugarit, yn noardlik Syrje, oant Byblos yn Mid-Libanon.
 
[[Ofbyld:PhoenicianTrade.png|thumb|Fenysyske hannelsrûtes]]
Yn it tiidrek fan de [[ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid]], tusken 1200 oant 1150 f.Kr., ferswakten en stoarten de measte beskavings fan dy tiid yn, lykas dy fan de Egyptners, de Hettiten en [[Mysene|Myseensk Grikelân]]. De Fenysyske beskaving oerlibbe dy stoarm en kaam lykwols om [[1230 f.Kr.]] hinne op en ûntjoech him fluch dêrnei. Dat tiidrek wurdt ek wol de "Fenysyske renêssanse" neamd. De Fenysjers waarden de wichtichste hannelers en seemacht yn de omkriten en soene dat foar de folgjende iuwen bliuwe.