Fenysje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 112:
 
=== Rjochtsysteem ===
[[Ofbyld:PhoenicianStela-4cBC-Tyre-NationalMuseumOfBeirut 03102019RomanDeckert.jpg|thumb|In [[stêle]] fan Tyrus mei Fenysyske ynskripsjes (4e iuw f.Kr.), Nasjonale Museum yn Beirût.]]
Nei de kening en syn rie, wiene de wichtichste politike funksjes yn hast eltse Fenysyske stêdsteat dy fan de lânfâd en de legeroerste. Der is net folle oer harren funksjes bekend, mar it is wol wis dat de lânfâd ferantwurdlik wie foar it ûntfangen fan belestings, it hjitten fan oarderings, it oersjen fan de rjochters, en it neifolgjen fan de wet. Om't kriichsfiering komselden foarkaam by de Fenysjers, wie de legeroerste ferantwurdlik foar de ferdigening en de feiligens fan de stêdsteaten en harren efterlân.
 
Line 121 ⟶ 122:
=== Taal ===
{{Apart|Fenisysk|Punysk}}
[[Ofbyld:Ahiram sarcophag from Biblos XIII-XBC.jpg|thumb|Sarkofaach fan Ahiram mei de âldste ynskripsje fan it Fenysyske alfabet]]
It [[Fenisysk]] wie part fan de [[Kanaänityske talen|Kanaänityske taalfamylje]], da't in [[taalkloft]] fan de [[Semityske talen]] wie. It [[Punysk]], dat fan it Fenysysk ôfstamme, waard yn it Kartaachske Ryk sprutsen. It Punysk waard oant de fyfde iuw n.Kr. noch sprutsen en dat waard noch neamd troch de hillige [[Augustinus]]
 
Line 128 ⟶ 130:
It alfabet waard oannaam en oanpast troch de Griken mooglik yn de achtste iuw f.Kr. Dat barde net yn ien kear, mar troch in proses fan kommersjele útwikselings. It Fenysyske alfabet waard mooglik troch Fenysyske emigranten nei [[Kreta]] ta brocht en dêr wei fersprate it stadichoan nei it noarden.
 
== Religy ==
[[Ofbyld:Baal Ugarit Louvre AO17330.jpg|thumb|In byldsje fan Baäl mei de earm omheech, dat by Ugarit, yn it uterste noarden fan Fenysje, fûn waard (14e-12e iuw f.Kr.). Museum fan de [[Louvre]] yn [[Parys]]. ]]
De religy dy't útoefene waard yn Fenysje wie besibbe oan dy fan syn Kanaänityske buorlju, dy't op syn bart in soad skaaimerken hie dy't oerienkamen mei dy yn oare parten fan de Semityske wrâld. Religieuze rituelen wiene benammen ornearre foar doelen fan de stêdsteaten; it beteljen fan belestings waard as religieuze offerings sjoen. In soad Fenysyske religieuze teksten binne spitigernôch ferlern gien.
 
Ferskate Kanaänityske gebrûken, dy't troch âlde boarnen en troch skiedkundigen neamd waarden, wiene timpelhuorkerij en berne-opoffering. Soksoarte plakken, bekend as''[[tofeet|tofeten]]'' waarden brûkt troch de Fenysjers en "ferbrân harren jonkjes en harren famkes yn it fjoer". Dy rituelen waarden troch ''Jahweh'' yn de [[Hebriuwske Bibel]] feroardiele, benammen yn ''[[Jeremia (bibelboek)|Jeremia]] 7:30-32'' en ''[[2 Keningen]] 23:10'' en ''17:17''. Nettsjinsteande dy en oare wichtige ferskillen, wiene der ek noch wol kulturele en religieuze oerienkomsten tusken de âlde Hebreeërs en Fenysjers.
 
De Kanaänityske [[mytology]] blykt net sa wiidweidich te wêzen as dy fan syn Semityske sibben yn Mesopotaamje. Yn Kanaän waard de oppergod ''El'' (𐤀𐤋, "god") neamd. De soan fan El wie ''Baäl'' (𐤁𐤏𐤋, "master", "heare"), in wichtige stjerrende-en-opsteande stoarmgod. Oare goaden waarden by harren keninklike titels neamd, lykas ''[[Melkart]]'', dat "kening fan de stêd" betsjut, of ''[[Adonis]]'', dat "heare" betsjut.
Religueuze gearkomsten, sa as bygelyks yn Tyrus, waard de ''marzeh'' (𐤌𐤓𐤆𐤄, "plak fan gearkommen") neamd, en dat wie ek in plak foar sosjale moetings. De ''Marzeh'' hold banketten foar harren leden op feestdagen. Yn Kartago, dêr't in republikeinsk regearsysteem ûntstie, begûn de marzeh in politike rôl te spyljen.
 
== Sjoch ek ==
* [[Fenysjers]]
* [[Kartago]]