Fenysje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
dien
Rigel 1:
{{Wurk}}
{{histoarysk lân (gjin flagge)
|namme = Fenysje <br> 𐤐𐤕 <br> ''Pūt'' <small>([[Fenysysk]])</small> <br> Φοινίκη <br> ''Phoiníkē'' <small>([[Gryksk]])</small>
Line 121 ⟶ 120:
 
=== Taal ===
{{Apart|Fenisysk|Punysk}}
{{Apart|Punysk}}
[[Ofbyld:Ahiram sarcophag from Biblos XIII-XBC.jpg|thumb|[[Sarkofaach]] fan Ahiram mei de âldste ynskripsje fan it Fenysyske alfabet]]
It [[Fenisysk]] wie part fan de [[Kanaänityske talen|Kanaänityske taalfamylje]], da't in [[taalkloft]] fan de [[Semityske talen]] wie. It [[Punysk]], dat fan it Fenysysk ôfstamme, waard yn it Kartaachske Ryk sprutsen. It Punysk waard oant de fyfde iuw n.Kr. noch sprutsen en dat waard noch neamd troch de hillige [[Augustinus]]
 
==== Alfabet ====
{{Apart|Fenysysk Alfabet}}
Om 1050 f.Kr. hinne ûntwikkelen de Fenysjers in skrift om yn harren eigen taal te skriuwen. It Kanaänitysk-Fenysysk skrift bestie út 22 letters, dy't allegear in [[bylûd]] wiene. It is mooglik dat it in soarte fan trochsetting wie fan it Protosinaïtysk (Protokanaänitysk) skrift, dat ûntwikkele waard yn de lette [[brûnstiid]] yn de [[Sinaï]] of yn [[Kanaän]]. Troch harren seehannel ferspraten de Fenysjers harren [[alfabet]] nei [[Anatoalje]], Noard-Afrika en Jeropa. De namme "Fenysysk" waard oan ynskripsjes fan 1050 f.Kr. ôf jûn, om't Fenysysk, [[Hebriuwsk]] en oare Kanaänityske dialekten dêrfoar slim faninoar te ûnderskieden wiene. Fenysyske ynskripsjes waarden fûn yn [[Libanon]], [[Syrje]], [[Israel]], [[Syprus]] en oare plakken oant yn de iere kristlike tiid ta.
 
Line 134 ⟶ 135:
De religy dy't útoefene waard yn Fenysje wie besibbe oan dy fan syn Kanaänityske buorlju, dy't op syn bart in soad skaaimerken hie dy't oerienkamen mei dy yn oare parten fan de Semityske wrâld. Religieuze rituelen wiene benammen ornearre foar doelen fan de stêdsteaten; it beteljen fan belestings waard as religieuze offerings sjoen. In soad Fenysyske religieuze teksten binne spitigernôch ferlern gien.
 
Ferskate Kanaänityske gebrûken, dy't troch âlde boarnen en troch skiedkundigen neamd waarden, wiene timpelhuorkerij en berne-opoffering. Soksoarte plakken, bekend as ''[[tofeet|tofeten]]'' waarden brûkt troch de Fenysjers en "ferbrân harren jonkjes en harren famkes yn it fjoer". Dy rituelen waarden troch ''Jahweh'' yn de [[Hebriuwske Bibel]] feroardiele, benammen yn ''[[Jeremia (bibelboek)|Jeremia]] 7:30-32'' en ''[[2 Keningen]] 23:10'' en ''17:17''. Nettsjinsteande dy en oare wichtige ferskillen, wiene der ek noch wol kulturele en religieuze oerienkomsten tusken de âlde Hebreeërs en Fenysjers.
 
De Kanaänityske [[mytology]] blykt net sa wiidweidich te wêzen as dy fan syn Semityske sibben yn Mesopotaamje. Yn Kanaän waard de oppergod ''El'' (𐤀𐤋, "god") neamd. De soan fan El wie ''Baäl'' (𐤁𐤏𐤋, "master", "heare"), in wichtige stjerrende-en-opsteande stoarmgod. Oare goaden waarden by harren keninklike titels neamd, lykas ''[[Melkart]]'', dat "kening fan de stêd" betsjut, of ''[[Adonis]]'', dat "heare" betsjut.
Line 144 ⟶ 145:
* [[Kartago]]
 
== Keppeling om utens ==
* [http://phoenicia.org/index.shtml Encyclopedia Phoeniciana (Phoenicia.org)]
* [http://www.museum.upenn.edu/Canaan/Phoenicians.html Canaan ''and Ancient Israël @ University of Pennsylvania Museum of Archaeology and Anthropology]
* [http://www.phoenician.org The Phoenician Experience (Phoenician.org)]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
 
* G. Herm, ''Die Phönizier. Das Purpurreich der Antike'', München, 1985. ISBN 3430144523
 
----------
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Phoenicia ''References'', op dizze side].
-----------
{{Commonscat|Phoenicia}}
}}
 
[[Kategory:Levantynske Aldheid]]