Fenisysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "{{Wurk}} {{Universele ynfoboks taal | namme = Fenisysk | oare namme(n) = | eigen namme = | lânseigen yn = Kanaän, letter ek sprutsen yn koloanjes om de..."
 
No edit summary
Rigel 20:
 
Yn de moderne tiid waard de taal foar it earst ûntsifere troch [[Jean-Jacques Barthélemy]] yn [[1758]], dy't it opmurk dat de namme "Fenisysk" foar it earst oan dy taal jûn waard troch [[Samuel Bochart]].
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Phoenician trade routes (eng).svg|400px|thumb|De wichtichste Fenisyske hannelsrûtes]]
De [[Fenysjers]] wiene de earste maatskippij dy't it [[Semitysk alfabet]] wiidweidich op steatkundich nivo brûkten. It Fenisysk alfabet is it âldst bekende konsonintenalfabet, ''[[abjad]]''. Hjoed-de-dei wurdt it alfabet ornaris as "Protokanaänitysk" oantsjutten fan foar [[1050 f.Kr.]] en dêrnei as "Fenisysk". It Fenisysk fonetysk alfabet is op syn minst foar in grut part de foarrinner fan hast alle hjoeddeistige alfabetten.
 
It Fenisysk moast út in stikmannich dialekten bestien hawwe. Neffens guon boarnen ûntjoech it Fenisysk him yn twa ûnderskate dialekten: Byblysk en Tyro-Sidoanysk. It Tyro-Sidoanysk, dêr't it [[Punysk]] út ûntstie, fersprate him oer it Middellânske Seegebiet troch de seehannel, wylst it Byblysk, bekend om in stikmannich ynskripsjes, gjin rôl yn it fersprieden spile hat. It lytse ferskil tusken de dialekten makket it net wis oft it Fenisysk in eigen en feriene taalgebiet wie of as it in part fan in grutter [[dialektkontinuum]] wie. Troch harren seehannel ferspraten de Fenysjers harren alfabet nei [[Noard-Afrika]] en [[Jeropa]], dêr't it troch de [[Griken]] oernaam waard, dy't it oan harren taalgebrûk oanpasten. Letter namen de [[Etrusken]] in oanpaste ferzje dêrfan oan foar harren eigen gebrûk, en dy waard op syn bart wer oannaam en oanpast troch de [[Romeinen]], dat it [[Latynsk alfabet]] waard.
 
Troch Punyske kolonisaasje sprate it Fenisysk nei it westlike Middellânske Seegebiet. Harren wichtichste koloanje, [[Kartago]], ûntwikkele him yn in machtich ryk, dat letter troch de [[Romeinske Republyk]] yn de [[Punyske Oarloggen]] (264-146 f.Kr.) ferneatige waard. It Punysk stjerde ek út, mar oerlibbe it folle langer as it Fenisysk, faaks oant yn de [[njoggende iuw]] n.Kr.