Fenisysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 31:
== It Fenisysk alfabet ==
{{Apart|Fenisysk alfabet}}
It Fenisysk waard skreaun mei it Fenisysk alfabet, dat in ''abjad'', dus allinnich mei [[bylûd]]en, wie. It kaam fan it Protokanaänitysk skrift en lei it grûnwurk foar it [[Gryksk alfabet]] en, oer it Etruskysk oanpassen, it [[Latynsk alfabet]]. De Punyske foarm fan it skrift ûntwikkele him stadichoan justjes oars ta in mear [[kursyf]] lettertype. Yn de [[tredde iuw f.Kr.]] begûn it ek [[lûd]]en te brûken, benammen oan 'e ein fan in wurd, mei in ''alef'' of somtiden in ''ain''. Fierders, yn de tiid fan de [[Twadde Punyske oarloch]], ûntstie der sels in mear kursive foarm, dat as "Nijpunysk" oantsjutten waard, en it bestie njonken de âldfrinzige foarm. Nei de ferneatigingfal fan [[Kartago]] yn [[149 f.Kr.]] waard it sels suver mear brûkt. Yn it Nijpunysk waarden lûden mei ''[[mater lectionis|matres lectionis]]'' (bylûden) oantsjutten, mear as yn eardere foarmen, en it begûn stadichoan oare letters foar oare lûden te brûken. In stikmannich ynskripsjes fan [[Constantine (Algerije)]] út de [[earste iuw f.Kr.]] waard it Punysk yn it Gryksk alfabet skreaun, en in soad ynskripsjes fan [[Tripolitaanje]] út de [[Tredde iuw|tredde]] en [[fjirde iuw]] waard it Latynsk alfabet foar it Punysk brûkt.

Yn it Fenisysk skrift, ta tsjinstelling fan de [[Arameesk skrift|Arameesk]]e, [[Bibelsk Hebriuwsk skrift|Bibelsk Hebriuwske]] en [[Arabysk skrift|Arabyske skriften]], waarden sels de lange lûden ornaris net útdrukt, wêr't se ek mar weikamen (sels fan dûbele lûden, sa as yn '''bt''' /beːt/ 'hûs'; [[Hebriuwsk]]e stavering hat '''byt'''). Punyske skriuwers begûnen stadichoan lûden troch middel fan ''matres lectionis'' te brûken. Yn de [[tredde iuw f.Kr.]] waard de ''alef'' [[Ofbyld:Phoenician aleph.svg|15px]] oan 'e ein fan in wurd brûkt, en bytiden waard de ''yod'' [[Ofbyld:Phoenician yodh.svg|15px]] brûkt om in lange [iː] oan te tsjutten.

Letter, benammen nei de ferneatigingfal fan Kartago troch de Romeinen, waard yn de Nijpunyske ynskripsjes in systeem brûkt dêr't ''wau'' [[Ofbyld:Phoenician waw.svg|15px]] de [u], ''yōd'' [[Ofbyld:Phoenician yodh.svg|15px]] de [i], ''ālef'' [[Ofbyld:Phoenician aleph.svg|15px]] de [e] en [o], ''ain'' [[Ofbyld:Phoenician ayin.svg|15px]] de [a] en ''hē'' [[Ofbyld:Phoenician he.svg|15px]] en ek ''ḥēt'' [[Ofbyld:Phoenician heth.png|15px]] de [a] mei oantsjutte. Dat systeem waard ynearsten brûkt foar wurden om utens en letter ek foar lânseigen wurden.

Letter waarden Punyske ynskripsjes skreaun mei it Latynsk alfabet, dy't ek lûden brûkte. Dy lettere ynskripsjes, taheake mei guon ynskripsjes mei Grykske letters en teksten mei Fenisyske nammen yn oare talen, binne de wichtichste boarnen foar lûden yn it Fenisysk.

== Punysk ==
{{Apart|Punysk}}
De ûnderskate foarm fan it Fenisysk dat yn de Tyryske Fenisyske koloanje [[Kartago]] sprutsen waard, is bekend as Punysk, en dy waard folle langer brûkt as it Fenisysk yn [[Fenysje]] sels. It waard noch brûkt yn de tiid fan de hillige [[Augustinus]], dy't deroer skreau. It Punysk bestie njonken it [[Berbersk]], dy't lânseigen yn [[Tuneezje]] (mei Kartago ynbegrepen) en [[Noard-Afrika]] wie. It Punysk ferdwûn stadichoan nei de fal fan Kartago troch de [[Romeinen]] en de [[Berbers]]. It is mooglik dat it Punysk de islamityske bemastering fan de [[Magreb]] oerlibbe hat yn guon lytse ôfsûndere gebieten. De geograaf [[al-Bakri]] omskreau in folk dat in taal sprekt dat gjin Berbersk, Koptysk of Latyn is yn de stêd Sirte yn de streek ''[[Ifriqiya]]'', dêr't it sprutsen Punysk it langer as it skreaune Punysk oerlibbe hie. De measte Punysktaligen namen nei de fal fan Kartago it Berbersk en it Latyn oer.

Nettsjinsteande wiene der ek Punyske ynfloeden yn it Berbersk. Ien foarbyld is it wurd ''agadir'' "muorre" dat fan it Punyske ''gader'' komt. De grutste ynfloed fan it Punysk wie dat fan de namme ''Hispania'' ([[Ibearysk skiereilân]], hjoed-de-dei [[Spanje]] en [[Portegal]]), en komt neffens ien teory fan it Punyske ''I-Shaphan'', dat "kust fan de klipdassen" betsjut, dat eins in fersin fan de ferskate Fenisyske seefarders wie, dy't in soad kninen en dassen seagen.
Yn de [[Golf fan Guinee]] joech [[Hanno de Seefarder]] in fijannige stamme mei "hierrige minsken" de namme, dat letter fan it Punysk troch it Gryksk oernaam waard, as ''gorillai'' en waard yn 1847 troch Thomas S. Savage jûn oan de [[westlike gorilla]].

== Foarbylden fan oerbleaune teksten ==
{| class=wikitable style="margin:auto"
|+Standert Fenisysk
Ynskripsje op de sarkofaach fan Tabnit fan Sidon, 5e iuw f.Kr.
! Tekst
! Transliteraasje

| align=right| 𐤀𐤍𐤊 𐤕𐤁𐤍𐤕 𐤊𐤄𐤍 𐤏𐤔𐤕𐤓𐤕 𐤌𐤋𐤊 𐤑𐤃𐤍𐤌 𐤁𐤍
𐤀𐤔𐤌𐤍𐤏𐤆𐤓 𐤊𐤄𐤍 𐤏𐤔𐤕𐤓𐤕 𐤌𐤋𐤊 𐤑𐤃𐤍𐤌 𐤔𐤊𐤁 𐤁𐤀𐤓𐤍 𐤆
𐤌𐤉 𐤀𐤕 𐤊𐤋 𐤀𐤃𐤌 𐤀𐤔 𐤕𐤐𐤒 𐤀𐤉𐤕 𐤄𐤀𐤓𐤍 𐤆
𐤀𐤋 𐤀𐤋 𐤕𐤐𐤕𐤇 𐤏𐤋𐤕𐤉 𐤅𐤀𐤋 𐤕𐤓𐤂𐤆𐤍
𐤊 𐤀𐤉 𐤀𐤓𐤋𐤍 𐤊𐤎𐤐 𐤀𐤉 𐤀𐤓 𐤋𐤍 𐤇𐤓𐤑 𐤅𐤊𐤋 𐤌𐤍𐤌 𐤌𐤔𐤃
𐤁𐤋𐤕 𐤀𐤍𐤊 𐤔𐤊𐤁 𐤁𐤀𐤓𐤍 𐤆
𐤀𐤋 𐤀𐤋 𐤕𐤐𐤕𐤇 𐤏𐤋𐤕𐤉 𐤅𐤀𐤋 𐤕𐤓𐤂𐤆𐤍
𐤊 𐤕𐤏𐤁𐤕 𐤏𐤔𐤕𐤓𐤕 𐤄𐤃𐤁𐤓 𐤄𐤀
𐤅𐤀𐤌 𐤐𐤕𐤇 𐤕𐤐𐤕𐤇 𐤏𐤋𐤕𐤉 𐤅𐤓𐤂𐤆 𐤕𐤓𐤂𐤆𐤍
𐤀𐤋 𐤉𐤊𐤍 𐤋𐤊 𐤆𐤓𐤏 𐤁𐤇𐤉𐤌 𐤕𐤇𐤕 𐤔𐤌𐤔
𐤅𐤌𐤔𐤊𐤁 𐤀𐤕 𐤓𐤐𐤀𐤌 || ʾnk tbnt khn ʿštrt mlk ṣdnm bn
ʾšmnʿzr khn ʿštrt mlk ṣdnm škb bʾrn z
my ʾt kl ʾdm ʾš tpq ʾyt hʾrn z
ʾl ʾl tptḥ ʿlty wʾl trgzn
k ʾy ʾrln ksp ʾy ʾr ln ḥrṣ wkl mnm mšd
blt ʾnk škb bʾrn z
ʾl ʾl tptḥ ʿlty wʾl trgzn
k tʿbt ʿštrt hdbr hʾ
wʾm ptḥ tptḥ ʿlty wrgz trgzn
ʾl ykn lk zrʿ bḥym tḥt šmš
wmškb ʾt rpʾm

! colspan=2 | Oersetting

| colspan=2 align=center|Ik, Tabnit, preester fan [[Astarte]], kening fan [[Sidon]], de soan
fan Esmunazar, preester fan Astarte, kening fan Sidon, lis yn dizze sarkofaach.
Wasto ek bist, wa't dizze sarkofaach ek fine mei,
nee, iepenje it net en steur my net,
om't der gjin sulver by my is, gjin goud by my is, of wat ek mar wearde hat,
allinnich ik lis yn dizze sarkofaach.
Nee, iepenje it net en steur my net,
om't dat in grouwel is foar Astarte.
En asto it yndie iepenest en asto yndie my steurst,
dan silsto gjin sied hawwe ûnder dyjingen dy't ûnder de sinne libje,
en ek gjin rêstplak fine by de [[Refaïten]].

{| class=wikitable style="margin:auto"
|+Let Punysk
1e iuw f.Kr.
! Tekst
! Rekonstruksje (troch Igor Diakonov)

| align=right| ΛΑΔΟΥΝ ΛΥΒΑΛ ΑΜΟΥΝ
ΟΥ ΛΥΡΥΒΑΘΩΝ ΘΙΝΙΘ ΦΑΝΕ ΒΑΛ
ΥΣ ΝΑΔΩΡ ΣΩΣΙΠΑΤΙΟΣ ΒΥΝ ΖΟΠΥΡΟΣ
ΣΑΜΩ ΚΟΥΛΩ ΒΑΡΑΧΩ || lʾdn lbʿl ḥmn
wlrbtn tnt pn bʿl
ʾš ndr S. bn Z.
šmʾ klʾ brkʾ

! colspan=2 | Oersetting

| colspan=2 align=center| Oan de master [[Baäl Hammon]]
en oan jo frijster [[Tanit]], it gesicht fan [[Baäl]],
[dat] wat Sosipatius tawijde, soan fan Sopyrus.
Hy hearde syn stim en segene him.

== Sjoch ek ==
* [[Fenysje]]
* [[Fenysjers]]
* [[Fenisysk alfabet]]
* [[Punysk]]

{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Phoenician_language ''References'' en ''Further reading'', op dizze side].

[[Kategory:Fenisysk]]
[[Kategory:Kanaänityske talen]]
[[Kategory:Utstoarne taal]]