Petrus en Paulustsjerke (Loppersum): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 38:
Neffens in kleasterkronyk fan it kleaster fan [[Witewierrum]] baarnde it earste [[dowestien]]nen tsjerkje fan Loppersum yn 1218 ôf. In diel fan de âlde muorre mei in [[hagioskoop]] is noch as boufragmint bewarre bleaun yn de westlike muorre fan de tsjerke. De bou fan de hjoeddeiske bakstiennen tsjerke begûn gaueftich nei de brân. Ynearsten krige it [[Skip (tsjerke)|ienskippich]] [[romaanske]] gebou in rjocht sletten [[Koer (tsjerke)|koer]] en in houten plafond. Yn de twadde helte fan de 13e iuw waard it skip ferhege en it rjochtsletten koer ferfongen troch in [[Romanogotyk|romanogoatysk]] [[Transept|dwersskip]] mei meloenfoarmige ferwulften. Tsjin it ein fan de 15e iuw waard útein set mei de grutste útwreiding fan de tsjerke troch de bou fan in [[Gotyk|letgoatysk]] koer mei twa sydkapellen en in [[sakristy]].
 
Yn 1529 folge it trochbrekken fan de súdlike muorre fan it skip om in sydskip ta te foegjen. By de súdlike tagong is dat jiertal mei de symboalen fan [[Petrus (apostel)|Petrus]] (kaai) en [[Paulus (apostel)|Paulus]] (swurd) oanbrocht, de symboalen dy't ek yn de flagge fan Loppersum steane. Yn de twadde helte fan de 16e iuw waarden it koer en it skip op like hichte brocht en krige it skip in netferwulft.
 
By de befrijing fan Loppersum op 20 april 1945 waard de toer troch besjittings fan de Kanadezen slim skeind. De restauraasje fan de toer fûn oan 1947 plak. De tsjerke waard tusken 1953 en 1959 restaurearre.
 
Yn 2013 moast de tsjerke op 'e nij restaurearre wurde. Troch [[ierdskodding]]s as gefolch fan gaswinning wiene skuorren ûntstien yn de ferwulften. De [[Nederlânske Ierdoalje Maatskippij|NAM]] hat dêrom de de restauraasje betelle en op snein 2 novimber koe de tjerke wer yn gebrûk nommen wurde.
 
== Ynterieur ==