Tsjerke fan Nijtsjerk (It Hegelân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Tsjerke fan Nijtsjerk ''Kerk van Niekerk'' | ôfbylding = Nijtsjerk (It Hegelân).jpg | ôfbyldingsbreedte..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 30 nov 2020 om 19.49

De Tsjerke fan Nijtsjerk is in oarspronklik 13e-iuwske tsjerke op in wierde yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. De tsjerke is in ryksmonumint en eigendom fan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.

Tsjerke fan Nijtsjerk

Kerk van Niekerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente It Hegelân
plak Nijtsjerk
adres Tsjerkestrjitte 3
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 13e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 35867 [1]
offisjele webside
Side PKN Ulrum-Nijtsjerk-Fjouwerhûzen
SAGT

Skiednis

 
Oargel

De tsjerke fan Nijtsjerk hat gruttendiels 13e iuwske-muorren fan kleastermoppen. Yn 1629 fûn in grutte ferbouwing plak, werby't de westlike muorre fan lytsere bakstien op 'e nij mitseled waard. De súdlike muorre waard ôfbrutsen en oant likernôch in meter ûnder de daklist wer mei de âlde kleastermoppen weropboud. Dat barde nei't Piet Hein de Sulverfloat oermastere en Evert Lewe, dy't kollator fan de tsjerke en oandielhâlder fan de Westyndyske Kompanjy wie, de tsjerke opknappe liet en in dakruter joech mei in wynwizer mei de liuw fan it skaai Lewe. Ek waarden de lytsere romaanske finsters ferfongen troch gruttere rûnbôgefinsters. In gevelstien boppe de westlike tagong betinkt de ferbouwing.

Ynterieur

Yn de tsjerke stiet oan de eastlike muorre in 18e-iuwske preekstoel mei efterskot en klankboerd. De hearebank út 1680 is fersierd mei de wapens fan Von Inn- und Kniphausen en Lewe. Oer de flier fan it middenpaad lizze in tal âlde sarken, werfan't de âldste út 1564 datearret. De lûdklok is út 1762 en getten troch A. Petit. It mechanyske oerwurk is út likernôch 1900.

Oargel

Yn de tsjerke stiet in ienmanualich oargel út 1883 fan Firma van Oeckelen. It oargel besit sân registers op ien manuaal en hat in oanhongen pedaal. De hege tuorren binne mei elts in swarte rôffûgel fersierd, de middelste toer mei muzykynstruminten. Sûnt de bou is der neat mear oan it oargel feroare.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: