Alde Tsjerke (Sâltkamp): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Alde Tsjerke ''Oude Kerk'' | ôfbylding = Alde Tsjerke (eardere herfoarme tsjerke), Sâltkamp.jpg | ôfbyldin..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 30 nov 2020 om 21.33

De Alde Tsjerke is de eardere herfoarme tsjerke fan Sâltkamp yn de provinsje Grinslân. Tsjintwurdich wurdt de tsjerke beheard troch de Stifting Alde Tsjerke Sâltkamp, dy't it gebou iepenstelt foar kulturele aktiviteiten en foar spesjale tsjinsten.

Alde Tsjerke

Oude Kerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente It Hegelân
plak Sâltkamp
adres Marnestrjitte
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1836
offisjele webside
Side PKN Sâltkamp
Stifting Alde Tsjerke Sâltkamp

Skiednis

Yn 1836 krige Sâltkamp foar it earst in eigen tsjerke. Foar dy tiid moasten de bewenners foar de preek rinne oer it likernôch 2,5 kilometer lange tsjerkepaad nei Fjouwerhûzen.

De tsjerke waard op it eardere bastion fan de skâns boud, dêr't eartiids de Alde Batterij lei. It giet om in ienfâldige sealtsjerke mei in rjocht sletten koer. De tsjerke hat in tuorke mei in fisk as wynwizer, dy't de bannen fan it doarp mei de fiskerij symbolisearret. Yn de eastlike muorre binne twa ovale finsters ynbrocht. It tsjerkhôf om de tsjerke hinne waard yn 1855 yn gebrûk nommen en bleau yn gebrûk oant de oanlis fan in nij tsjerkhôf yn 1895.

De tsjerke wie nei de doleânsje wat te grut woarn en sadwaande koe it gebou wol mei wat minder banken ta. Yn de frijkommen romte yn it koer waard in nije mozaïekflier lein. It middenpaad krige yn de Twadde Wrâldkriich nije fliertegels. De net sa hiel âlde klok waard yn de kriich foardere en nei de befrijing ferfongen troch in troch Van Bergen getten klok.

De tsjerke waard yn de jierren 2010-2011 restaurearre en geskikt makke foar multyfunksjoneel gebrûk. It oargel en de preekstoel bleaune yn de tsjerke.

Oargel

It oargel yn de tsjerke waard yn 1976 oankocht en wie doe in 150 jier âld ynstrumint. It hie earder yn de herfoarme evangelisaasjekapel fan Feandam stien, mar foar dy tiid noch yn de tsjerke fan 'e Grinzer Pein. De basis foar it ynstrumint soe boud wêze troch Van Oeckelen. It oargel waard troch Mense Ruiter restaurearre en efter de oargelkas fan de foargonger út 1928 boud.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: