Nije Tsjerke (Sâltkamp): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Nije Tsjerke ''Nieuwe Kerk'' | ôfbylding = Nije Tsjerke of (earder de grifformearde tsjerke, tsjintwurdich P..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 1 des 2020 om 09.44

De Nije Tsjerke is de tsjintwurdige PKN- en earder de grifformearde tsjerke fan Sâltkamp yn de provinsje Grinslân.

Nije Tsjerke

Nieuwe Kerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente It Hegelân
plak Sâltkamp
adres H.J. Siccamastrjitte
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1965
arsjitekt Steen en Tuinhof
offisjele webside
Side PKN Sâltkamp

Skiednis

 
It âlde grifformearde tsjerkegebou

Nei de Ofskieding fan 1834 tsjerkten de Sâltkamper Cocksianen yn Houwersyl, dêr't de ôfskieden gemeente sûnt 1840 in eigen tsjerkje yn gebrûk hiene. It tal ôfskieden leden naam ta en yn 1882 krige Sâltkamp oan de Doarpsstrjitte in eigen kristlik-grifformearde tsjerke. Nei de feriening fan de Kristlik Grifformearde Tsjerken en Nederdútsk Grifformearde Tsjerken yn 1892 ûntstiene de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en waard de Sâltkamper tsjerke de grifformearde tsjerke.[1]

Yn 1965 waard foar de gemeente oan de H.J. Siccamastrjitte in modern tsjerkegebou boud. Nei de foltôging waard de âlde tsjerke út 1882 ôfbrutsen.

De grifformearde tsjerke fusearre yn 2005 mei de herfoarme gemeente fan Sâltkamp.[2] De herfoarme tsjerke waard ôfstjitten en ûnderbrocht yn in stifting, sadat de grifformearde tsjerke, dy't tsjintwurdich de namme "Nije Tsjerke" hat, no it iennige tsjerkegebou yn Sâltkamp is.

Oargel

De skiednis fan it oargel giet werom op in ynstrumint fan Hermanus Knipscheer út Amsterdam, dy't it oargel foar in tsjerke yn Noard-Hollân boude. Yn 1875 ferhûze it oargel nei de grifformearde tsjerke fan Hattem, dy't it ynstrumint yn 1908 te keap oanbea. De grifformearde tsjerke fan Sâltkamp kocht it oargel oan en de firma Dekker út Goes boude it op yn de tsjerke oan de Doarpsstrjitte. Yn de jierren 1949-1950 wreide Mense Ruiter de disposysje út.

Bakker & Timmenga ferhûze it oargel yn 1968 nei de nijbou en boude it efter in nije oargelkas wer op. By de weropbou waard it ynstrumint modernisearre en útwreide mei in Bourdon 16 op it pedaal.

De firma Reil út Heerde fierde yn 2017 grut ûnderhâld út.[3] [4]

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: