Tsjerke fan Hornhuzen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Tsjerke fan Hornhûzen ''Kerk van Hornhuizen'' | ôfbylding = Tsjerke fan Hornhûzen.jpg | ôfbyldingsbreedte..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 1 des 2020 om 20.37

De Tsjerke fan Hornhuzen is in tsjerkegebou yn Hornhuzen yn de Grinslânske gemeente It Hegelân.De tsjerke is 19e-iuwsk, wylst de toer út de 15e iuw datearret. Sûnt 1978 is de tsjerke yn it besit fan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. De tsjerke docht hjoeddedei tsjinst as doarpshûs.

Tsjerke fan Hornhûzen

Kerk van Hornhuizen

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente It Hegelân
plak Hornhuzen
adres Breweelsterweg 1
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boustyl Gotyk, neogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 23670 [1]
offisjele webside
Side Tsjerke fan Hornhuzen (SAGT)

Skiednis

De tsjerke waard om 1170 hinne boud as ûnderdiel fan it oanbuorjende Aldekleaster. Dy tsjerke baarnde neffens in skriuwen fan abt Menko lykwols ôf yn 1247. Nei de brân easke de biskop fan Münster de skea te fergoedzjen. Der waard in nije tsjerke boud yn letromaanske styl. Hokker patroanhillige de tsjerke hân hat is ûnwis, it soe neffens in segel fan pastoar Rembertus út 1414 om Marije gean, mar neffens in segel fan pastoar Derck út 1515 om Nikolaas.

De boppebou fan de letgoatyske toer gyng yn 1815 ferlern en waard oant de hichte fan de tsjerke ôfbrutsen. De toer krige wat letter in nij dak mei in spits. Al sûnt de bou fan de toer hâlde twa swiere steunbearen de toer op syn plak.

De letromaanske tsjerke waard healwei de 19e iuw ôfbrutsen en op de âlde fûneminten ferfongen troch it hjoeddeiske lytsere neogoatske gebou. Yn 1989 waard de toer, it dak en it muorrewurk restaurearre. It eksterieur en ynterieur fan de tsjerke folgen yn 1996.

 
Oargel

Ynterieur

It ynterieur wurdt oerkape fan in houten tonferwulft. Oer de flier lizzen in tal grêfsarken, dêrûnder dy fan Allert Tamminga út 1498. De hearebank datearret út de 18e iuw en besit in houtfike opsetstik mei de wapens fan de famyljes Meckema fan Aylva-fan Camstra mei oan wjerskanten ienhoarns dy't de wapens fêsthâlde.Klokkenstoel met klok van H. Falck, 1617, diam. 87 cm. Mechanisch smeedijzeren torenuurwerk, Gerck Elles, 1679. .

Oargel

Wa't de bouwer fan it oargel yn de tsjerke fan Hornhuzen west hat bliuwt ûnbekend. It is ea makke foar in partikulier út Delft, dy't it ferkocht oan in blinenynstitút yn Amsterdam, dêr't it troch Hermanus Knipscheer del set waard. It blinenynstitút wie net sa op it skik mei it oargel en liet tusken 1827 en 1932 in nij oargel troch Jonathan Bätz bouwe. De herfoarme gemeente fan Hornhuzen kocht it oerstallige oargel oan, dêr't it yn 1833 yn gebrûk nommen waard. Nei de bou fan de neogoatyske tsjerke boude Petrus van Oeckelen it oargel op 'e nij op efter in nije oargelkas. Jan Doornbos feroare it ynstrumint yn 1899 en makke fan it twamanualige ynstrumint in ienmanualich oargel It twadde manuaal waard wer brûkt foar it oargel fan de Fermanje yn Noardhorn.

Yn 1962 fierde de firma Vierdag in restauraasje út.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: