Tsjerke fan Westernieland: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Tsjerke fan Westernijlân ''Kerk van Westernieland'' | ôfbylding = Westernieland - kerk - exterieur.jpg | ô..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 3 des 2020 om 15.52

De Tsjerke fan Westernijlân (Kerk van Westernieland) is in 13e-iuwsk tsjerkegebou fan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.

Tsjerke fan Westernijlân

Kerk van Westernieland

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente It Hegelân
plak Westernijlân
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 13e iuw
boustyl Romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 14567 (tsjerke) [1]
offisjele webside
Side Tsjerke fan Westernijlân

Skiednis

 
Ynterieur

Eartiids stie de oarspronklik oan Marije wijde tsjerke yn it midden fan it doarp. Yn 1717 spielde de Krystfloed in grut diel fan Westernijlân fuort en sûnt stiet de tsjerke oan de westlike râne fan it doarp. Westernijlân waard letter eastliker wer opboud.

De tsjerke is in romanogotysk bouwurk út de 13e iuw, de toer mei sealtek waard yn de 14e iuw oanboud.

Yn de 19e iuw waard de tsjerke bepleistere mei in wite pleisterlaach, dy't nei de grutte restauraasje fan 2001-2003 op 'e nij oanbrocht waard yn in giele kleur.

De herfoarme tsjerke waard yn 2008 oerdroegen oan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. Tsjerklik heart protestantsk Westernieland by de PKN gemeente Winsum-Halfambt. De tsjerke wurdt noch regelmjittich brûkt.

Ynterieur

Oarspronklik hie de tsjerke yn elts travee in koepelferwulft, mar dy binne der yn 1831 útbrutsen en ferfongen troch in blaufarve balkenplafond. Njonken in preekstoel út 1660 hat de tsjerke in 17e-iuwske hearebank en in pear 17e- en 18e-iuwske sarken.

Oargel

De tsjerke besit in oargel út 1893 fan de firma Van Oeckelen, Glimmen. It oargel hat ien manuaal mei sân registers en oanhongen pedaal.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: