Fenisysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red, gaadliker
Rigel 22:
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Phoenician trade routes (eng).svg|400px|thumb|De wichtichste Fenisyske hannelsrûtes]]
De [[Fenysjers]] wiene de earste maatskippij dy't it [[Semitysk alfabet]] wiidweidich op steatkundich nivo brûkten. It Fenisysk alfabet is it âldst bekende [[konsoninteskrift]], ''abjad'' (allinnich my [[bylûdkonsonant]]en). Hjoed-de-dei wurdt it alfabet ornaris as "Protokanaänitysk" oantsjutten fan foar [[1050 f.Kr.]] en dêrnei as "Fenisysk". It Fenisysk fonetysk alfabet is op syn minst foar in grut part de foarrinner fan hast alle hjoeddeistige alfabetten.
 
It Fenisysk moast út in stikmannich dialekten bestien hawwe. Neffens guon boarnen ûntjoech it Fenisysk him yn twa ûnderskate dialekten: Byblysk en Tyro-Sidoanysk. It Tyro-Sidoanysk, dêr't it [[Punysk]] út ûntstie, fersprate him oer it Middellânske Seegebiet troch de seehannel, wylst it Byblysk, bekend om in stikmannich ynskripsjes, gjin rôl yn it fersprieden spile hat. It lytse ferskil tusken de dialekten makket it net wis oft it Fenisysk in eigen en feriene taalgebiet wie of as it in part fan in grutter [[dialektkontinuum]] wie. Troch harren seehannel ferspraten de Fenysjers harren alfabet nei [[Noard-Afrika]] en [[Jeropa]], dêr't it troch de [[Griken]] oernaam waard, dy't it oan harren taalgebrûk oanpasten. Letter namen de [[Etrusken]] in oanpaste ferzje dêrfan oan foar harren eigen gebrûk, en dy waard op syn bart wer oannaam en oanpast troch de [[Romeinen]], dat it [[Latynsk alfabet]] waard.
Rigel 30:
== It Fenisysk alfabet ==
{{Apart|Fenisysk alfabet}}
It Fenisysk waard skreaun mei it Fenisysk alfabet, dat in ''abjad'', dus allinnich mei [[bylûdkonsonant]]en, wie. It kaam fan it Protokanaänitysk skrift en lei it grûnwurk foar it [[Gryksk alfabet]] en, oer it Etruskysk oanpassen, it [[Latynsk alfabet]]. De Punyske foarm fan it skrift ûntwikkele him stadichoan justjes oars ta in mear [[kursyf]] lettertype. Yn de [[tredde iuw f.Kr.]] begûn it ek [[fokaal|lûdfokalen]]en te brûken, benammen oan 'e ein fan in wurd, mei in ''alef'' of somtiden in ''ain''. Fierders, yn de tiid fan de [[Twadde Punyske oarloch]], ûntstie der sels in mear kursive foarm, dat as "Nijpunysk" oantsjutten waard, en it bestie njonken de âldfrinzige foarm. Nei de fal fan [[Kartago]] yn [[149 f.Kr.]] waard it sels suver mear brûkt. Yn it Nijpunysk waarden lûdenfokalen mei ''[[mater lectionis|matres lectionis]]'' (bylûdenkonsonanten) oantsjutten, mear as yn eardere foarmen, en it begûn stadichoan oare letters foar oare lûdenfokalen te brûken. In stikmannich ynskripsjes fan [[Constantine (Algerije)]] út de [[earste iuw f.Kr.]] waard it Punysk yn it Gryksk alfabet skreaun, en in soad ynskripsjes fan [[Tripolitaanje]] út de [[Tredde iuw|tredde]] en [[fjirde iuw]] waard it Latynsk alfabet foar it Punysk brûkt.
 
Yn it Fenisysk skrift, ta tsjinstelling fan de [[Arameesk skrift|Arameesk]]e, [[Bibelsk Hebriuwsk skrift|Bibelsk Hebriuwske]] en [[Arabysk skrift|Arabyske skriften]], waarden sels de lange lûdenfokalen ornaris net útdrukt, wêr't se ek mar weikamen (sels fan dûbele lûdenfokalen, sa as yn '''bt''' /beːt/ 'hûs'; [[Hebriuwsk]]e stavering hat '''byt'''). Punyske skriuwers begûnen stadichoan lûdenfokalen troch middel fan ''matres lectionis'' te brûken. Yn de [[tredde iuw f.Kr.]] waard de ''alef'' [[Ofbyld:Phoenician aleph.svg|15px]] oan 'e ein fan in wurd brûkt, en bytiden waard de ''yod'' [[Ofbyld:Phoenician yodh.svg|15px]] brûkt om in lange [iː] oan te tsjutten.
 
Letter, benammen nei de fal fan Kartago troch de Romeinen, waard yn de Nijpunyske ynskripsjes in systeem brûkt dêr't ''wau'' [[Ofbyld:Phoenician waw.svg|15px]] de [u], ''yōd'' [[Ofbyld:Phoenician yodh.svg|15px]] de [i], ''ālef'' [[Ofbyld:Phoenician aleph.svg|15px]] de [e] en [o], ''ain'' [[Ofbyld:Phoenician ayin.svg|15px]] de [a] en ''hē'' [[Ofbyld:Phoenician he.svg|15px]] en ek ''ḥēt'' [[Ofbyld:Phoenician heth.png|15px]] de [a] mei oantsjutte. Dat systeem waard ynearsten brûkt foar wurden om utens en letter ek foar lânseigen wurden.
 
Letter waarden Punyske ynskripsjes skreaun mei it Latynsk alfabet, dy't ek lûdenfokalen brûkte. Dy lettere ynskripsjes, taheake mei guon ynskripsjes mei Grykske letters en teksten mei Fenisyske nammen yn oare talen, binne de wichtichste boarnen foar lûdenfokalen yn it Fenisysk.
 
== Punysk ==
{{Apart|Punysk}}
De ûnderskate foarm fan it Fenisysk dat yn de Tyryske Fenisyske koloanje [[Kartago]] sprutsen waard, is bekend as Punysk, en dy waard folle langer brûkt as it Fenisysk yn [[Fenysje]] sels. It waard noch brûkt yn de tiid fan de hillige [[Augustinus]], dy't deroer skreau. It Punysk bestie njonken it [[Berbersk]], dy't lânseigen yn [[Tuneezje]] (mei Kartago ynbegrepen) en [[Noard-Afrika]] wie. It Punysk ferdwûn stadichoan nei de fal fan Kartago troch de [[Romeinen]] en de [[Berbers]]. It is mooglik dat it Punysk de islamityske bemastering fan de [[Magreb]] oerlibbe hat yn guon lytse ôfsûndereôfsûnderlike gebieten. De geograaf [[al-Bakri]] omskreau in folk dat in taal sprekt dat gjin Berbersk, Koptysk of Latyn is yn de stêd Sirte yn de streek ''[[Ifriqiya]]'', dêr't it sprutsen Punysk it langer as it skreaune Punysk oerlibbe hie. De measte Punysktaligen namen nei de fal fan Kartago it Berbersk en it Latyn oer.
 
Nettsjinsteande wiene der ek Punyske ynfloeden yn it Berbersk. Ien foarbyld is it wurd ''agadir'' "muorre" dat fan it Punyske ''gader'' komt. De grutste ynfloed fan it Punysk wie dat fan de namme ''Hispania'' ([[Ibearysk skiereilân]], hjoed-de-dei [[Spanje]] en [[Portegal]]), en komt neffens ien teory fan it Punyske ''I-Shaphan'', dat "kust fan de klipdassen" betsjut, dat eins in fersin fan de ferskate Fenisyske seefarders wie, dy't in soad kninen en dassen seagen.