Kartago: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
{{Wurk}}
'''Kartago''' ([[Gryksk]]: Καρχηδών: Kargedon, fan [[Punysk]]e ''Kart-hadasht'', dat 'nijnije doarpstêd' betsjut, [[Arabysk]]: قرطاج of قرطاجة‎, [[Latyn]]: ''Carthago'') wie in stêd yn de '[[âldheid]], tichtby it hjoeddeiske [[Tunis]] yn it gebiet dat troch de [[Romeinen]] [[Afrika]] neamd waard. De stêd lei oan de eastlike sideeastkant fan de mar Tunis, tsjinoerfoar it sintrum fan de nije haadstêd fan [[Tuneezje]], [[Tunis]], oer.
 
Yn de [[Aldheid]] wie Kartago de haadstêd fan it Kartaachske Ryk, dêr't de ynwenners troch de Romeinen [[Púnjers]] ([[Latyn]]: ''Punici'') neamd waarden. Fan de [[fyfde iuw f.Kr.]] ôf waard it de machtichste hannelstêd yn it [[Middellânske See]]gebiet en waard yn de [[tredde iuw f.Kr.]] in grutte rivaal fan Rome. Nei de [[Punyske oarloggen]] waard Kartago yn [[146 f.Kr.]] troch de Romeinen ferwoastge en waard Kartago part fan de [[Romeinske provinsje]] [[Afrika (Romeinske ryk)|Afrika]]. Kartago waard troch de Romeinen wer opboud en it woeks út ta de twadde stêd fan it [[Romeinske Ryk]]. De stêd waard foargoed ferwoastge yn [[688]] n.Kr. by de islamityske oermastering fan de [[Magreb]].
== Oarsprong ==
De stêd waard troch de [[Foenysjers]] stifte yn [[814 f.Kr.]] Neffens de leginde troch prinses Dido út [[Tyrus]] dy't op 'e flecht wie. Kartago ûntwikkele him hurd ta in wichtige seemacht yn it westlik bekken fan de [[Middellânske See]], dy't it allinne rjocht opeaske oer de seehannel. Hjirtroch waard sy in wichtige tsjinstanner en konkurrint fan de Westlike [[Griken]] (benammen dy fan Syracuse op Sisylje en Massylje yn Sud-[[Frankryk]]) en letter fan jin útwreidende stêdsteat [[Rome (stêd)|Rome]]. Lang om let laat dizze rivaliteit ta trije [[Punyske oarloggen]], dy't einigen meidat Kartago troch de Romeinen mei de grûn lyk makke waard.
 
De ruïnes fan Kartago lizze likernôch 10 kilometer beëastnoardeasten fan [[Tunis]] en isin [[UNESCO]]-[[Wrâlderfgoed]].
== De Punyske oarloggen ==
 
== Namme ==
De namme Kartago komt fan it Latynske ''Carthago'' of ''Karthago'', it [[Gryksk]]e ''Karkhēdōn'' (Καρχηδών) en it [[Etruskysk]]e *Carθaza, dat fan it [[Punysk]]e ''qrt-ḥdšt'' (𐤒𐤓𐤕 𐤇𐤃𐤔𐤕‎) "nije stêd" ôfkomt. It soe de "Nije Tyrus" wêze moatte. It Latynske wurd ''Punicus'' komt fan it Grykske ''Phoinikes'' (Φοίνικες) foar [[Fenysjers]].
 
De hjoeddeistige [[Arabysk]]e foarm قرطاج (''Qarṭāj'') komt fan it [[Frânsk]]e ''Carthage''.
 
== Skiednis ==
=== Oarsprong ===
De stêd waard troch de [[Fenysjers]] stifte yn [[814 f.Kr.]] Guon skiedkundigen tinke dat it om [[725 f.Kr.]] west hawwe moatten, om't it âldste diggelguod op dat jiertal datearre waard. Der waard lykwols ek âlder guod fûn, dus tinke de measte skiedkundigen oan dat de stifting earder wie. Kartago moast fan in lytse hannelspost ta in gruttere koloanje útwoeksen wêze.
 
Neffens in leginde waard Kartago troch prinses Dido út [[Tyrus]] stifte, dy't op 'e flecht wie.
 
Yn werklikheid wie it ien fan de ferskate hannelsposten dy't de Fenysjers yn it Middellânske Seegebiet stiften. Kartago ûntwikkele him hurd ta in wichtige seemacht yn it westlik bekken fan de [[Middellânske See]], dy't it allinne rjocht opeaske oer de seehannel.
 
=== Punyske Republyk ===
Nei't it Fenisyske heitelân tusken 550 en 500 f.Kr.ûnder ynfloed fan it [[Perzyske Ryk]] kaam, en [[Tyrus]] syn hannel beheind ta it eastlik Middellânske Seegebiet waard, ûntjoech Kartago him ta in wichtige seemacht yn it westlike Middellânske Seegebiet. In soad Fenisyske hannelskoloanjes kamen ûnder Kartaachsk bestjoer en dy stiften ek sels wer nije koloanjes. Ek op de Marokkaanske kust fan de [[Atlantyske Oseaan]] waarden hannelsposten stifte. Ek waarden der ekspedysjes útfierd oant de Britske eilannen en de [[Golf fan Guinea ta. [[Hanno de Seefarder]] spile dêrby in wichtige rôl en dy beskreau de lânseigen folken. Neffens guon skiedskriuwers reizge er om gâns [[Afrika]] hinne yn opdracht fan de [[farao]] fan [[Alde Egypte|Egypte]].
 
Kartago woe de [[monopoalje]] fan de seehannel hawwe en Kartaachshe skippen lieten de skippen fan rivalen sinke dy't se yn harren "territoarium" oantroffen. De Kartagers waarden de konkurrinten fan de [[Magna Graecia|westlike Griken]] en der ûntstie in skeel oer Sisylje tusken dy twa, dat ta de [[Sisyljaanske oarloggen]] late. Gauris ferbûnen de Kartagers harren mei de [[Etrusken|Etruskyske stêdsteaten]] om sterker yn harren konkurrinsje mei de Griken te stean. Ynearsten libben Kartago en de opkommende [[Romeinske Republyk]] yn frede meiïnoar, mar troch it machtiger wurden fan Rome late dat ta rivaliteit mei Kartago. Ta einbeslút late dat ta de [[Punyske oarloggen]] (264-146 f.Kr.). De Kartagers waarden troch de Romeinen [[Púnjers]] neamd, dat ôflaat waard fan "Fenysjers".
 
=== De Punyske oarloggen ===
[[Ofbyld:CarthageMapDe.png|thumb|300px|Sizzenskip fan Kartago krekt foar de [[earste Punyske kriich]] (264 v. Chr.)]]
De earste Punyske kriich wie benammen in kriich tusken de seefloaten fan Rome en Kartago en fûn plak tusken [[264 f.Kr.|264]] en [[241 f.Kr.]] Oan de ein hienen de Romeinen derby de macht krigen oer de westlike Middellânske See rûtes. It Kartaachske oerwicht oer de seehannel einige hjirmei. Fan need leiden de Kartagers harren ta op it fergrutsjen fan lânbesit, benammen yn [[Spanje]]. Nei ferrin fan tiid kamen hja op 'e nij mei Rome yn konflikt, diskear troch in skeel oer it sizzenskip oer it gebiet yn Spanje.
Line 15 ⟶ 35:
[[Ofbyld:Carthage column.JPG|thumb|250px|Ruïnes fan Kartago]]
Nei de folsleine ferneatiging fan Kartago hie keizer Augustus de minsken ferbean har op 'e ruïnes ta wenjen te sette, troch de gaadlike posysje hat er it ferbod gau opsein. De Romeinen bouden de nije stêd dy't op 'en nij de namme Kartago krige. De Púnjers sette har dêr krekt likegoed op 'en nij ta wenjen op it plak fan harren foarfaars. Yn 'e rin fan de earste iuw n.Kr. woeks it tal ynwenners fan de stêd nei 500.000, en hat de twadde stêd fan it westlike Romeinske ryk west. Allinnich Rome hat mei 800.000 wichtiger en grutter west. Yn it kristlike tiidrek hat Kartago ferskate konsilys holden en trochdat biskop [[Augustinus]] fan Hippo hjir studearre hie bleau it in wichtich plak.
 
{{Koördinaten|36_53_12_N_10_18_53_E_type:city_scale:12500_region:TU|36° 53' 12" NB, 10° 18' 53" EL}}
 
[[Kategory:Kartago| ]]