Kartago: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Oarsprong: nimme...mei; doetiid:namen...mei
typfl
Rigel 43:
De Púnjers dy't harren fannijs yn Kartago fêstigen, wiene ek warber as hannelers, kreksa as harren foarfaars, en guon waarden sels politisy yn it [[Romeinske Ryk]]. Keizer [[Septimius Sevearus]] wie fan Punysk komôf en wie der ek grutsk op. Der waard fan him sein dat er Latyn mei in Punysk aksint spriek. Under syn bewâld waarden Kartagers part fan de hege elite en harren goaden waarden part fan de keizerkultus.
 
Doe't it [[kristendom]] him oer it Romeinske Ryk fersprate, waard it tige warber yn Noard-Afrika en waard Kartago it sintrum dêrfan. Kartago hie ferskate [[konsylje]]s holden, lykas de [[Konsylje fan Kartago (397)]], en trochdat [[biskop]] [[Augustinus fan Hippo]] dêr studearre hie, bleau it in wichtich plak. De kristenen dêre ferfolgen de [[Heidendom|heidenen]] en ferskate heidenske timpels waarden ferneatige.
 
=== Nei de Romeinen ===
Rigel 53:
De betsjutting fan Kartago naam dêrnei hurd ôf, om't de Arabieren fanâlds harren hannel oer lân oer karavaanrûtes diene, en dus gjin ferlet oan havenstêden hiene. It fierderop lizzende [[Kairouan]] waard dêrtroch in wichtiger hannelsplak foar Arabyske karavanen dy't troch Noard-Afrika lutsen. Ek in soad Kartaachske hannelers fêstigen harren dêre.
 
Neffens [[archeology]]sk bewiis, waard Kartago net alhiel ferlitten. De buorren Bjordi Djedid bleau lykwols bewenne. De [[Termen fan Antoninus]] holden harren funksje yn de Arabyske tiid en de skriuwer [[al_Bakrial-Bakri]] fan dy tiid sei dat se noch hieltyd yn goede steat wiene. Der wiene ek oare gebouwen dy't harren funksjes holden. It is slim nei te gean oft de bewenning fan oare gebouwen yn de Letbyzantynske of yn de Ierarabyske tiid wie.
 
De [[Medina fan Tunis]], dat oarspronklik in Berberske delsetting wie, waard as it nij regionaal sintrum ûnder de Omajjaden stifte. Under de [[Achlabiden]] waard Kairouan lykwols harren haadstêd, mar Tunis profitearre fan it ferbetterjen fan de ekonomy yn dy tiid en waard de twadde wichtige stêd yn dat keninkryk. It waard fan [[902]] en [[909]] de haadstêd fan it keninkryk, doe't [[Sjiïten|Sjiïtyske]] Berbers ''[[Ifriqiya]]'' it oernamen en dêr it [[Kalifaat fan de Fatimiden]] stiften.
 
Kartago wie oant fier yn de [[Midsiuwen]] noch hieltyd in biskopsit, dat yn twa brieven fan paus [[Leo X (paus)|Leo X]] út [[1053]] neamd waard. Dy brieven wiene in andert foar in oplossing fan in skeel tusken de biskoppen fan Kartago en Gummi. Yn dy brief ferklearre de paus dat, nei de Biskop fan Rome, de biskop fan Kartago de earste aartsbiskop fan gâns Afrika wie. Letter yn de [[alfde iuw]] waard der noch oer biskoppen fan Kartago skreaun, mar dêrnei wurdt der neat mear oer it bisdom neamd.