Kartago: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 73:
Yn [[1920]] waard der yn de [[Mar fan Tunis]] it earste [[wetterfleantúch]] boud en yn [[1938]] waard it fleanfjild fan Tunis boud, dat jierliks sa'n 5800 passazjiers fan de fleanrûte Parys-Tunis betsjinne. Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] waard it fleanfjild troch de Amerikaanske loftmacht brûkt, benammen foar de tarieding fan de [[Italjaanske Fjildtocht (Twadde Wrâldkriich)|Italjaanske Fjildtocht]] yn [[1943]]. Mei it bouwen fan de [[Lofthaven Tunis-Kartago]], dat folslein troch Frankryk finansiere waard, waard yn [[1944]] úteinset en yn [[1948]] waard it de thúshaven fan [[Tunisair]].
 
Nei de [[Unôfhinklikens fan Tuneezje]] yn [[1956]], woeks de stêdekloft fan Tunis om it fleanfjild hinne en Kartago (قرطاج ''Qarṭāj'') waard in foarstêd fan Tunis, dat no it gebiet tusken Sidi Bou Said en Le Kram omfiemet. De gemeente hie yn 2013 21.276 ynwenners en lûkt benammen gegoede ynwenners oan. It presidinsjeel paleis, it Paleis fan Kartago (قصر قرطاج (Arabysk) en ''Palais présidentiel de Carthage'' (Frânsk)) stiet oan de kust yn Kartago.
 
== Archeology ==
[[Ofbyld:Carthage archaeological sites map-fr.svg|thumb|Archeologyske fynplakken yn it hjoedeistich Kartago]]
Yn it midden fan de njoggentjinde iuw woeks de belangstelling om it âlde Kartago op te graven. Der waard ynearsten úteinset mei it opgraven fan de Romeinske oerbliuwsels op de heuvel [[Byrsa]]. Benammen Frânske archeologen wiene warber, gauris op it útnûgjen fan [[kardinaal]] [[Charles Lavigerie]], dy't yn 1884 [[aartsbiskop]] fan Kartago en [[Primaat (biskop)|primaat]] fan [[Afrika (Romeinske ryk)|Afrika]] waard. De pleatslike befolking kende it gebiet fan de âlde stêd as ''Cartagenna'', dat fan it Latynske ''Carthagine'' ôfkomt.
 
De Frânske archeolooch [[Auguste Audollent]] ferparte it gebiet fan it Romeinsk Kartago yn fjouwer parten; ''Cartagenna'', ''Dermèche'', ''Byrsa'' en ''La Malga''. Cartagenna en Dermèche foarmje it legere part fan de stêd, dêr't ek Punysk Kartago situearre wie. Byrsa wie de boppestêd, dat yn de Punyske tiid in fersterke [[sitadel]] boppe de haven wie. La Malga wie de fierderop lizzende parten fan de boppestêd yn de Romeiske tiid.
 
Grutskalige opgravings setten ûnder Frânsk liederskip útein yn 1921, en archeologen fûnen in grutte hoemannichte [[urn]]en dy't bonken fan bisten en bern befetten. Der waard ek in [[stêle]] út de fjirde iuw f.Kr. fûn dêr't in berne-offer op ôfbylde stie.
 
Yn in timpel yn [[Amman]] (1400-1250 f.Kr.) dy't opgroeven wie, wurdt sjen litten dat dêr biste- en [[minske-offer]]s mooglik west hawwe. Hoewol't men der net alhiel oer iens is oer it bewiis dat fûn waard fan berne-offers yn [[Kanaän]], wurdt der fanút gien, troch it finen fan biste- en bernebonken, dat der yndie wolris berne-offers yn Kartago plakfûn hiene.