Kartago: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L hmm..
Rigel 97:
It Punysk Kartago waard ferparte yn fjouwer like grutte parten mei deselde yndieling; timpels, merken, riedhûs, tuorren, in teäter en in grutte [[nekropolis]]. Yn it midden fan Kartago stie in hege [[sitadel]], de ''Byrsa''. Om Kartago hinne stiene grutte fersterke muorren dy't wol 13 meter heech en 10 meter grou wiene.
 
Kartago hie in griemmank fan boustilen út ferskate kultueren en dy waarden trochinoar hinne boud. Letter kaam de arsjitektuer stadichoan ûnder Grykske ynfloed. It merkplein (''agora'') waard tusken ''Byrsa'' en de haven boud. Dat wie it sintrale hannelsplak fan de stêd. Dat plein hie njonken in merkefunksje ek in politike en religieuze funsje. Oan it plein stiene alters en riedhuzen en de hearskjende [[suffeet|suffeten]] hiene harren residinsje dêr ek. Ek wiene der oare lytsere pleinen oan de râne fan de stêd by de poarten boud. Der wiene lange, smelle, rjochte strjitten dy't op al dy pleinen útkamen. De wiken dêr't dy strjitten trochhinne rûnen waarden as ien hiel ûntwurpen. Troch de hichteferskillen waarden der treppen yn de strjitten oanlein, lykas de sechtich treppen dy't nei in wichtige timpel laten. De huzen wiene tige ienfâldich opset; it wiene fjouwer- of rjochthoekige blokken, dêr't de muorren fan mei kalk ferve waarden. Yn it midden fan it hûs wie in binnenplak mei iepenloft. Letter feroare dat justjes, doe't de Grykske ynfloed grutter waard. Doe kamen der huzen mei rôze [[semint]] en stikjes moarmer deryn. Kartago hie ek heechbou, in soarte fan de hjoeddeistige flatgebouwen. Dy heechbou moast wol seis ferdjippings hân hawwe. Mar hoe't se der útsjoen hawwe is fierder net folle oer bekend. Oan de havens wiene pottebakkerijen en waard metaal ferwurke.
 
Der wiene ek timpels yn Kartago. Se wiene frij ienfâldich, want ûnder Egyptysk ynfloed kaam it idee dat de goaden in hûs nedich hiene. It wiene fierders gjin grutte hillichdommen. Troch hellenistyske ynfloed hie Kartago ek in ôffiersysteem fan goaten foar ôffalwetter, lykwols net sa sekuer as dy fan de Romeinen. De begraafplakken leine justjes bûten de stêd, fier fan de ûnderstêd. Dy tsjinnen as in soarte park en grutte grêfmonuminten kamen net folle foar.