Kartago: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 77:
== Archeology ==
[[Ofbyld:Carthage archaeological sites map-fr.svg|thumb|Archeologyske fynplakken yn it hjoedeistich Kartago]]
Yn it midden fan de njoggentjinde iuw woeks de belangstelling om it âlde Kartago [[Archeologyske opgraving|op te graven]]. Der waard ynearsten útein set mei it opgraven fan de Romeinske oerbliuwsels op de heuvel [[Byrsa]]. Benammen Frânske archeologen wiene warber, dêrta gauris útnûge troch [[kardinaal]] [[Charles Lavigerie]], dy't yn 1884 [[aartsbiskop]] fan Kartago en [[Primaat (biskop)|primaat]] fan [[Afrika (Romeinske ryk)|Afrika]] waard. De pleatslike befolking kende it gebiet fan de âlde stêd as ''Cartagenna'', dat fan it Latynske ''Carthagine'' ôfkomt.
 
De Frânske archeolooch [[Auguste Audollent]] ferparte it gebiet fan it Romeinsk Kartago yn fjouweren: ''Cartagenna'', ''Dermèche'', ''Byrsa'' en ''La Malga''. Cartagenna en Dermèche foarmje it legere part fan de stêd, dêr't ek Punysk Kartago situearre wie. Byrsa wie de boppestêd, dy't yn de Punyske tiid in fersterke [[sitadel]] boppe de haven wie. La Malga wie it fierderop lizzend part fan de boppestêd yn de Romeiske tiid.