Adam Westerman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 7:
Westerman wie de skriuwer fan û.o. it stichtlike boek ''(Groote) Christelijcke Zee-vaert'', ornearre foar seelju ûnderweis. Westerman warskôget yn dit wurk ûnder oaren foar "byleauwigens, frjemde froulju, drank en tabak". It grutste part fan it boek foarmje 26 preken. Yn 1628 publisearre hy ''Vrye jaer-merckt voor den volcke Zion''. Yn dit boek set hy him ôf tsjin de gebrûken op jiermerken en yn it algemien tsjin dronkenskip en hoererij. Dernjonken bin fan him op syn minst noch fiif wurken bekend.
 
''Christelycke Zee-vaert'' is foar it earst printe yn 1611. Dernei folgen oant 1630 sân ferbettere en útwreide drukken. Fan de 1630 -fersy bin exemplaren bewarre bleaun en der bestean ek noch herdrukken fan in edysje út 1616. Yn 1635 ferskynde Westermans ''Groote Christelijcke zee-vaert''. Feitelik is dit de earste fersy fan in folsein fernijd boek, wat yn de titel ta útdrukking komt. Oant fier yn de 18e iuw is dit boek tsientallen kearen fannijs printe. Yn 1659 is te Kopenhagen sels in fersy yn it Deensk útbrocht. Oan de NL utjeften fan nei 1630 is in skiednis fan Staveren taheakke. By tradysjoneel-gereformeerden is de belangstelling foar dit boek fan Westerman nea fuort west, en kin it anno 2020 yn herdrukte foarm noch besteld wurde.
== Wurk ==