Julius Agrikola: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
L →‎Skiednis: tekstoanpassing
befelhawwerskip
Rigel 3:
 
==Skiednis==
Agrikola waard berne yn 40 n. Kr. yn Forum Julii ([[Fréjus]]). Syn heit wie senator en syn mem in ûntwikkele frou, dy't him nei Grykske skoallen yn Marseille stjoerde. Syn karriêre begûn al op jonge leeftyd as ofsier yn it leger. Hy tsjinne ynnearsten yn Brittanje (58-61) en dêrnei noch in skoft yn [[Aazje]]. Nei in bestjoerlike funksje yn Rome krige er it befelbefelhawwerskip oer it leger yn Brittanje (70-74) en dêrnei it gûverneurskip fan earst Akwitaanje (Súdwest-Frankryk) en dêrnei Brittanje (77-83).
 
Yn Brittanje wreide Agrikola de Romeinske macht sterk út. Troch keizer [[Fespasianus]] konsul makke, oermastere hy Noard-[[Wales]] en [[Anglesey]] (78), en loek dêrnei yn noardlike rjochting troch [[Ingelân]] en besette súd-[[Skotlân]] (fan 80 ôf), en boude in rige fan forten tusken de [[Firth of Forth]] en de [[Firth of Clyde]]. Yn de [[Slach by Mons Graupius]] (sa. 84) fersloech hy de Kaledoanjers. Agrikola stjoerde in float út dy't om Brittanje hinne fear en de [[Orkneys]] ûntdekte. Yn [[85]] waard hy werom roppen nei [[Rome (stêd)|Rome]]. Under de paranoide wurdende keizer [[Domitianus]] krige Agrikiola net mear in wichtich kommando.