Kartago: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 112:
Troch hellenistyske ynfloed hie Kartago ek in ôffiersysteem fan goaten foar ôffalwetter, lykwols net sa sekuer as dy fan de Romeinen. De begraafplakken leine justjes bûten de stêd, fier fan de ûnderstêd. Dy tsjinnen as in soarte park en grutte grêfmonuminten kamen net folle foar.
 
=== Ekonomy en maatskippij ===
De Punyske kultuer naam de lânboumetoaden fan de [[Fenysjers]] oer en pasten dy oan oan de pleatslike Afrikaanske tastân. De hannelshaven fan Kartago waard ûntwikkele nei't de net fier wei lizzende Punyske stêd [[Utica (Tuneezje)|Utica]] him al ûntjûn hie. Stadichoan rekke it Afrikaanske plattelân ûnderhearrich oan de Punyske stêden, earst kommersjeel en letter ek polityk. Punyske lâneigeners krigen it behear oer it lânmeitsjen fan oanswettend lân. [[Mago (agronoom)|Mago]], dy't earder in [[generaal]] yn it leger wie, skreau om 300 f.Kr. hinne in boekwurk fan 28 folumen oer de [[lânbou]], en dat waard letter yn it Gryksk en Latyn oerset. It oarspronklike wurk en de oersettings rekken lykwols ferlern, mar der binne guon fan Mago syn teksten yn oar Latynsk wurk oerlevere. Oliifbeammen, fruitbeammen, wynbou, bijen, fee, skiep, hinnen en lânboureauwen wiene ûnderwerpen dy't Mago behannele.
Neffens Mago wiene de lytsere lâneigeners de bêste produsinten. Mei ûnder oaren konsultaasje fan Mago, sa as bygelyks oer it lieden fan wurklju, koene se mei grutte ynspanning in goede opbringst witte te heljen. Se wiene gjin grutboeren, lykas guon eallju út de stêd, dy't filla's mei lân bûtenút hiene en dy't it buorkjen as in alternatyf fan harren saak yn de stêd seagen. Ek wie it plattelân dêr't stedslju gauris mei pensjoen giene.
 
De wurklju yn de lânbou waarden mooglik as in wurkersklasse sjoen almeast fan Berbersk komôf. It is net wis oft der Berberske lâneigeners njonken de Púnjers wiene, mar guon Berbers waarden al [[share-croppers]]. Slaven dy't foar it lânwurk brûkt waarden, wiene almeast kriichsfinzenen. Berbers dy't bûten Punysk bestjoer foelen, ferbouden nôt en fokten hynders op. Yn de stêdsteat Kartago wie de befolking sosjaal ferdield yn ferskillende etnyske groepen en ferskillende klassegroepen, sa as tusken hear en feint yn in [[feodaal stelsel]]. Dy ûngelikens op it plattelân luts it oantinken fan mooglike fijannen, mar Kartago wist it sosjale ferskil foar in lange tiid baas te bliuwen.
 
De Kartagers hannelen in soad yn wyn en oliifoalje, dêr't de [[amfoara]]'s, dy't yn plakken om de Middellânske See hinne fûn waarden, tsjûge fan wiene. Kartaachske lânbouprodukten hiene yn de Aldheid in heech oansjen. Nei de Romeinske bemastering fan Kartago waard de nôtproduksje (weet en koarn) yn Afrika ferhege, mar foel letter yninoar troch konkurrinsje fan [[Romeinsk Egypte]]. Dêrnei waarden der om Kartago hinne fannijs mear oliif- en wynhôven opset. Romeinsk Afrika waard ek wol as de nôtskuorre fan it Romeinske Ryk sjoen.
 
Der waard yn de Aldheid gauris skreaun oer de griene tunen, hôven, fjilden, bewetteringskanalen, beamwâlen en de woltierige plattelânsplakken yn it gea om kartagoKartago hinne.
 
=== Romeinsk Kartago ===
[[Ofbyld:Karta Karthago nl.png|thumb|Kaart fan de noch besteande Romeinske gebouwen yn it hjoeddeistich Kartago]]
Hast alle Punyske gebouwen waarden by de Romeinske oermastering fan Kartago oan de ein fan de [[Tredde Punyske Oarloch]] ferwoastge. De hjoeddeistige kunde fan de Punyske arsjitektuer komt benammen fan opgravings. Likernôch 100 jier nei de ferwoastging fan Kartago bouden de Romeinen op de âlde ruïnen in nij Kartago mei grutte gebouwen, teäters, filla's en termen. It waard wer in woltierige stêd en de measte ruïnen dy't hjoed-de-dei te sjen binne, kommen ek fan de Romeinske tiid.
 
Yn de Punyske tiid wie de heuvel Byrsa, dêr't in sitadel op stie, it mulpunt fan de stêd. De Romeinen bouden dêr harren [[Forum]] op. Fierders stiene der timpels, rjochtgebouwen en in biblioteek. Sûnt de ein fan de njoggentjinde iuw stiet dêr de [[katedraal fan Sint-Louis fan Kartago]] op it plak fan de eardere timpel fan [[Asklepios]]. De katedraal wurdt hjoed-de-dei net mear as tsjerke brûkt.
 
Noardeastlik fan de Byrsa stiene it Romeinske teäter en it [[odeion]], dat in oerdutsen teäter wie. It teäter koe wol 5000 taskôgers hâlde en komt oarspronklik út de twadde iuw n.Kr., dochs it grutste part fan de hjoeddeistige oerbliuwsels komt fan letter. Fan it odeion is net folle mear fan oer, mar ynskripsjes, dy't oan keizer [[Septimius Sevearius]] opdroegen waarden, neame dat it gebou om 200 n.Kr. boud waard.
 
Noardeastlik dêrfan is it saneamde ''parc des villas romaines'', dêr't op in earder Punysk begraafplak de oerbliuwsels fan in stikmannich Romeinske filla's binne. De tredde iuwske filla ''de la volière, neamd nei de oanwêzige fûgelmozaïken, waard fannijs restaurearre en befettet in antikwarium, dat in ûndergrûnsk ferwulft is.
 
Benoarden it fillapark is it ''basilica maiorum'', in ierkristlike basilyk út de fyfde iuw mei deselde boufoarm as de âlde Romeinske hannels- en rjochtsgebouwen.
 
Besúdeasten de teäters lizze oan de kust de termen fan [[Antoninus Pius]]. Dy termen waarden yn 162 n.Kr. yn gebrûk naam en wiene it grutste termekompleks bûten Rome. Yn dy termen waarden sport- en ûntspanningsromten en badhuzen ûnderbrocht. It [[frigidarium]] (kâlde romte) is 22 by 47 meter en wie oarspronklik 15 meter heech. It [[tepidarium]] (waarme romte) en [[caldarium]] (hjitte romte) en in swimbad fan 17,5 by 13,5 meter besteane hjoed-de-dei noch. De wetteropslachmarren fan de termen lizze op in heuvel bewesten de teäters. It wetter waard troch in 60 km lange [[akwadukt]] oanfierd.
 
Bewesten Byrsa lei in amfiteäter en waard om 100 n.Kr. hinne boud. It koe wol likernôch 30.000 taskôgers hâlde. Besuden dêrfan wie in [[hippodroom]] (hynstebaan) mar dêr is hast neat mear fan oerbleaun.
 
De twa havens wiene sa goed as itselde as út de Punyske tiid, allinnich mûnen se beide streekrjocht út yn see. Earder hiene de beide havens ien súdlike útgong, mar yn de Romeinske tiid krigen se beide elts in eastlike útgong.