Kartago: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
{{Wurk}}
[[Ofbyld:Tunisie Carthage Ruines 08.JPG|thumb|RuïnesRuïnen fan Kartago]]
[[Ofbyld:Karthago Antoninus-Pius-Thermen.JPG|thumb|De termen fan Antoninus Pius, Kartago]]
[[Ofbyld:Karthago, Phönizische Großstadt (CC BY-SA 4.0).webm|thumb|Rekonstruksje fan Kartago]]
Rigel 40:
=== Under Rome ===
[[Ofbyld:Carthage romaine.jpg|thumb|In plattegrûn fan it Romeinske Kartago]]
Nei de folsleine ferneatiging fan Kartago mocht nimmen mear har op 'e ruïnesruïnen nei wenjen te setten. Troch de gaadlike posysje stifte [[Gaius Sempronius Gracchus]] yn [[122 f.Kr.]] de delsetting ''Colonia Junonia''. Dat projekt hold it net lang út troch it tsjinwurkjen fan Gracchus syn politike tsjinstanners yn de [[Romeinske Senaat]]. Yn de [[earste iuw f.Kr.]] besleat [[Julius Caesar]] en bou in nije stêd, mar yn [[44 f.Kr.]] waard er fermoarde ear't er mei de bou úteinsette koe. Caesar syn adoptearre soan, [[Augustus Oktavianus|keizer Augustus]], liet nei Caesar syn dea in nije stêd op it plak bouwe dy't fannijs de namme Kartago krige, en de stêd woeks al rillegau út ta in stêd fan grutte betsjutting. De [[Púnjers]] setten har krekt likegoed fannijs nei wenjen op it plak fan harren foarfaars. Yn 'e rin fan de earste iuw n.Kr. woeks it tal ynwenners fan de stêd nei 500.000 en waard it de twadde stêd fan it westlike Romeinske Ryk. Allinnich Rome hat mei 800.000 wichtiger en grutter west.
 
De Púnjers dy't harren fannijs yn Kartago fêstigen, wiene ek warber as hannelers, kreksa as harren foarfaars, en guon waarden sels politisy yn it [[Romeinske Ryk]]. Keizer [[Septimius Sevearus]] wie fan Punysk komôf en wie der ek grutsk op. Der waard fan him sein dat er Latyn mei in Punysk aksint spriek. Under syn bewâld waarden Kartagers part fan de hege elite en harren goaden waarden part fan de keizerkultus.
Rigel 100:
[[Ofbyld:Carthage carte 1844.jpg|thumb|Kaart fan Kartago út 1844 mei de muorren en wichtichste Punyske en Romeinske bouwurken.]]
[[Ofbyld:Maison punique byrsa.jpg|thumb|Ruïne fan in hûs op Byrsa]]
[[Ofbyld:Archaeological Site of Carthage-130237.jpg|thumb|RuïnesRuïnen fan Kartago]]
[[Ofbyld:Archaeological Site of Carthage-130238.jpg|thumb|RuïnesRuïnen fan Kartago]]
Kartago hie in útbaggele binnenhaven (Punysk: ''kothon'') dy't út twa parten bestie en dy leine oan de súdeastkant fan de stêd. De earste haven wie in haven foar hannelsskippen en hie in rjochthoekige foarm. De twadde haven wie in marinehaven dy't in rûne foarm hie. De havens diene mooglik ek tsjinst foar de skipbou, en it opladen en ôflossen fan de skippen. Grutte ankerplakken leine benoarden en besuden de stêd. Noardlik en westlik fan de binnenhaven wiene der bedriuwen dy't warber yn de metaalferwurking en it pottebakken wiene.
 
Rigel 117:
Neffens Mago wiene de lytsere lâneigeners de bêste produsinten. Mei ûnder oaren konsultaasje fan Mago, sa as bygelyks oer it lieden fan wurklju, koene se mei grutte ynspanning in goede opbringst witte te heljen. Se wiene gjin grutboeren, lykas guon eallju út de stêd, dy't filla's mei lân bûtenút hiene en dy't it buorkjen as in alternatyf fan harren saak yn de stêd seagen. Ek wie it plattelân dêr't stedslju gauris mei pensjoen giene.
 
De wurklju yn de lânbou waarden mooglik as in wurkersklasse sjoen almeast fan Berbersk komôf. It is net wis oft der Berberske lâneigeners njonken de Púnjers wiene, mar guon Berbers waarden al [[share-croppers]], dêr't hja wol oant de helte fan de opbringst ôfstean moasten. Slaven dy't foar it lânwurk brûkt waarden, wiene almeast kriichsfinzenen. Berbers dy't bûten Punysk bestjoer foelen, ferbouden nôt en fokten hynders op. Yn de stêdsteat Kartago wie de befolking sosjaal ferdield yn ferskillende etnyske groepen en ferskillende klassegroepen, sa as tusken hear en feint yn in [[feodaal stelsel]]. Dy ûngelikens op it plattelân luts it oantinken fan mooglike fijannen, mar Kartago wist it sosjale ferskil foar in lange tiid baas te bliuwen.
 
De Kartagers hannelen in soad yn wyn en oliifoalje, dêr't de [[amfoara]]'s, dy't yn plakken om de Middellânske See hinne fûn waarden, tsjûge fan wiene. Kartaachske lânbouprodukten hiene yn de Aldheid in heech oansjen. Nei de Romeinske bemastering fan Kartago waard de nôtproduksje (weet en koarn) yn Afrika ferhege, mar foel letter yninoar troch konkurrinsje fan [[Romeinsk Egypte]]. Dêrnei waarden der om Kartago hinne fannijs mear oliif- en wynhôven opset. Romeinsk Afrika waard ek wol as de nôtskuorre fan it Romeinske Ryk sjoen.
Rigel 125:
=== Romeinsk Kartago ===
[[Ofbyld:Karta Karthago nl.png|thumb|Kaart fan de noch besteande Romeinske gebouwen yn it hjoeddeistich Kartago]]
[[Ofbyld:Amphitheatre carthage 2006.jpg|thumb|Ruïnen fan it [[amfiteäter]]]]
Hast alle Punyske gebouwen waarden by de Romeinske oermastering fan Kartago oan de ein fan de [[Tredde Punyske Oarloch]] ferwoastge. De hjoeddeistige kunde fan de Punyske arsjitektuer komt benammen fan opgravings. Likernôch 100 jier nei de ferwoastging fan Kartago bouden de Romeinen op de âlde ruïnen in nij Kartago mei grutte gebouwen, teäters, filla's en termen. It waard wer in woltierige stêd en de measte ruïnen dy't hjoed-de-dei te sjen binne, kommen ek fan de Romeinske tiid.