Kartago: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 100:
[[Ofbyld:Carthage carte 1844.jpg|thumb|Kaart fan Kartago út 1844 mei de muorren en wichtichste Punyske en Romeinske bouwurken.]]
[[Ofbyld:Maison punique byrsa.jpg|thumb|Ruïne fan in hûs op Byrsa]]
[[Ofbyld:Archaeological Site of Carthage-130237.jpg|thumb|Ruïnen fan Kartago]]
[[Ofbyld:Archaeological Site of Carthage-130238.jpg|thumb|Ruïnen fan Kartago]]
Kartago hie in útbaggele binnenhaven (Punysk: ''kothon'') dy't út twa parten bestie en dy leine oan de súdeastkant fan de stêd. De earste haven wie in haven foar hannelsskippen en hie in rjochthoekige foarm. De twadde haven wie in marinehaven dy't in rûne foarm hie. De havens diene mooglik ek tsjinst foar de skipbou, en it opladen en ôflossen fan de skippen. Grutte ankerplakken leine benoarden en besuden de stêd. Noardlik en westlik fan de binnenhaven wiene der bedriuwen dy't warber yn de metaalferwurking en it pottebakken wiene.
 
Line 111 ⟶ 109:
 
Troch hellenistyske ynfloed hie Kartago ek in ôffiersysteem fan goaten foar ôffalwetter, lykwols net sa sekuer as dy fan de Romeinen. De begraafplakken leine justjes bûten de stêd, fier fan de ûnderstêd. Dy tsjinnen as in soarte park en grutte grêfmonuminten kamen net folle foar.
 
=== Ekonomy en maatskippij ===
De Punyske kultuer naam de lânboumetoaden fan de [[Fenysjers]] oer en pasten dy oan oan de pleatslike Afrikaanske tastân. De hannelshaven fan Kartago waard ûntwikkele nei't de net fier wei lizzende Punyske stêd [[Utica (Tuneezje)|Utica]] him al ûntjûn hie. Stadichoan rekke it Afrikaanske plattelân ûnderhearrich oan de Punyske stêden, earst kommersjeel en letter ek polityk. Punyske lâneigeners krigen it behear oer it lânmeitsjen fan oanswettend lân. [[Mago (agronoom)|Mago]], dy't earder in [[generaal]] yn it leger wie, skreau om 300 f.Kr. hinne in boekwurk fan 28 folumen oer de [[lânbou]], en dat waard letter yn it Gryksk en Latyn oerset. It oarspronklike wurk en de oersettings rekken lykwols ferlern, mar der binne guon fan Mago syn teksten yn oar Latynsk wurk oerlevere. Oliifbeammen, fruitbeammen, wynbou, bijen, fee, skiep, hinnen en lânboureauwen wiene ûnderwerpen dy't Mago behannele.
Neffens Mago wiene de lytsere lâneigeners de bêste produsinten. Mei ûnder oaren konsultaasje fan Mago, sa as bygelyks oer it lieden fan wurklju, koene se mei grutte ynspanning in goede opbringst witte te heljen. Se wiene gjin grutboeren, lykas guon eallju út de stêd, dy't filla's mei lân bûtenút hiene en dy't it buorkjen as in alternatyf fan harren saak yn de stêd seagen. Ek wie it plattelân dêr't stedslju gauris mei pensjoen giene.
 
De wurklju yn de lânbou waarden mooglik as in wurkersklasse sjoen almeast fan Berbersk komôf. It is net wis oft der Berberske lâneigeners njonken de Púnjers wiene, mar guon Berbers waarden al [[share-croppers]], dêr't hja wol oant de helte fan de opbringst ôfstean moasten. Slaven dy't foar it lânwurk brûkt waarden, wiene almeast kriichsfinzenen. Berbers dy't bûten Punysk bestjoer foelen, ferbouden nôt en fokten hynders op. Yn de stêdsteat Kartago wie de befolking sosjaal ferdield yn ferskillende etnyske groepen en ferskillende klassegroepen, sa as tusken hear en feint yn in [[feodaal stelsel]]. Dy ûngelikens op it plattelân luts it oantinken fan mooglike fijannen, mar Kartago wist it sosjale ferskil foar in lange tiid baas te bliuwen.
 
De Kartagers hannelen in soad yn wyn en oliifoalje, dêr't de [[amfoara]]'s, dy't yn plakken om de Middellânske See hinne fûn waarden, tsjûge fan wiene. Kartaachske lânbouprodukten hiene yn de Aldheid in heech oansjen. Nei de Romeinske bemastering fan Kartago waard de nôtproduksje (weet en koarn) yn Afrika ferhege, mar foel letter yninoar troch konkurrinsje fan [[Romeinsk Egypte]]. Dêrnei waarden der om Kartago hinne fannijs mear oliif- en wynhôven opset. Romeinsk Afrika waard ek wol as de nôtskuorre fan it Romeinske Ryk sjoen.
 
Der waard yn de Aldheid gauris skreaun oer de griene tunen, hôven, fjilden, bewetteringskanalen, beamwâlen en de woltierige plattelânsplakken yn it gea om Kartago hinne.
 
=== Romeinsk Kartago ===
Line 141 ⟶ 128:
 
De twa havens wiene sa goed as itselde as út de Punyske tiid, allinnich mûnen se beide streekrjocht út yn see. Earder hiene de beide havens ien súdlike útgong, mar yn de Romeinske tiid krigen se beide elts in eastlike útgong.
 
=== Hannel en niverheid ===
[[Ofbyld:PhoenicianTrade.png|thumb|De Fenisyske hannelsrûtes]]
[[Ofbyld:218BCMAPMEDITERRANEAN.jpg|thumb|Tastân yn it Middellânske Seegebiet yn 218 f.Kr.]]
De keaplju wien it wichtichste en it meast ferneamde part fan de Kartaachske maatskippij. Hja wiene suver de erfgenamten fan de Fenusyske keaplju yn it westlik Middellânske Seegebiet en dus ek de erfgenamten fan de konkurinsje mei de Grykske keaplju. Syprus wie ien fan de earste plakken dêr't de kommersjele hannel oanmoedige en útdage waard. De Fenysjers lutsen hieltyd mear nei it westen, dêr't se nije hannelsposten stiften, lykas Utica en Kartago. De Griken folgen harren nei it westen en de konkurrinsje en de rivaliteit bleau trochgean. Lang om let late dat, benammen yn [[Sisylje]] ta oarloggen yn de folgjende iuwen. Hoewol't hannelsguod, dat troch de Griken makke waard, fan bettere kwaliteit wie, hannele Kartago nettsjinsteande yn grutte hoemannichten hannelsguod. Dat kaam ta utering yn de [[Tredde Punyske Oarloch]] doe't de Romeinen Kartago belegeren, wist de stêd yn in koart skoftke tiid in grutte hoemannnichte kriichsark te meitsjen, mar it bliek dochs net genôch te wêzen om de Romeinske oermacht de baas te bliuwen.