Kartago: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
red
Rigel 7:
Yn de [[Aldheid]] wie Kartago de haadstêd fan it Kartaachske Ryk, dêr't de ynwenners fan troch de Romeinen [[Púnjers]] ([[Latyn]]: ''Punici'') neamd waarden. Fan de [[fyfde iuw f.Kr.]] ôf waard it de machtichste hannelstêd yn it [[Middellânske See]]gebiet en yn de [[tredde iuw f.Kr.]] in grutte rivaal fan Rome. Nei de [[Punyske oarloggen]] waard Kartago yn [[146 f.Kr.]] troch de Romeinen ferwoastge en waard de stêd part fan de [[Romeinske provinsje]] [[Afrika (Romeinske ryk)|Afrika]]. Kartago waard troch de Romeinen wer opboud en it woeks út ta de twadde stêd fan it [[Romeinske Ryk]]. De stêd waard foargoed ferwoastge yn [[698]] n.Kr. by de islamityske oermastering fan de [[Magreb]].
 
De ruïnesruïnen fan Kartago lizze likernôch 10 kilometer eastnoardeastlik fan [[Tunis]] en is in [[UNESCO]]-[[Wrâlderfgoed]].
 
== Namme ==
Rigel 51:
 
=== Under de islamiten ===
[[Ofbyld:Carthage column.JPG|thumb|250px|RuïnesIn fanpylder yn Kartago]]
De Romeinske Eksarchaat fan Afrika wie net sterk genôch om de islamityske bemastering fan de [[Magreb]] tsjin te hâlden. It [[Kalifaat fan de Omajjaden]] ûnder [[Abd al-Malik ibn Marwan]] stjoerde yn [[686]] troepen en fersloech de Romeinen en [[Berbers]] by it plak [[Kairouan]]. Yn [[695]] waard Kartago troch de Omajjaden ynnaam en dy lutsen oant it [[Atlasberchtme]] ta. In Byzantynske float naam Kartago fannijs yn, mar yn [[698]] waarden de Byzantinen yn de [[Slach om Kartago (698)]] ferslein. De Romeinen lutsen harren foargoed út Afrika wei, útsein út [[Ceuta]]. Ut noed dat de Byzantinen besykje soene Kartago fannijs yn te nimmen, waard Kartago ferneatige om it te [[taktyk fan de ferskroeide ierde|teskroeien]] en it politike sintrum waard yn in oar plak oansteld. De muorren waarden ôfbrutsen, it wetteroanfier troch de [[akwadukt]]en waarden ôfsnien en de havens waarden ûnbrûkber makke. It ferneatigjen fan it Eksarchaat fan Afrika betsjutte foargoed de ein fan de Byzantynske ynfloed yn de omkriten.
 
Rigel 145:
[[Ofbyld:PhoenicianTrade.png|thumb|De Fenisyske hannelsrûtes]]
[[Ofbyld:218BCMAPMEDITERRANEAN.jpg|thumb|Tastân yn it Middellânske Seegebiet yn 218 f.Kr.]]
De keaplju wienwiene it wichtichste en it meast ferneamde part fan de Kartaachske maatskippij. Hja wiene suver de erfgenamten fan de Fenusyske keaplju yn it westlik Middellânske Seegebiet en dus ek de erfgenamten fan de konkurinsje mei de Grykske keaplju. Syprus wie ien fan de earste plakken dêr't de kommersjele hannel oanmoedige en útdage waard. De Fenysjers lutsen hieltyd mear nei it westen ta, dêr't se nije hannelsposten stiften, lykas Utica en Kartago. De Griken folgen harren nei it westen ta en de konkurrinsje en de rivaliteit bleautusken trochgeanharren giene dêrom ek gewoan troch. Lang om let late dat, benammen yn [[Sisylje]] ta oarloggen yn de folgjende iuwen. Hoewol't hannelsguod, dat troch de Griken makke waard, fan bettere kwaliteit wie, hannele Kartago nettsjinsteande yn gruttegruttere hoemannichten hannelsguod. Dat kaam ta utering yn de [[Tredde Punyske Oarloch]] doe't de Romeinen Kartago belegeren, wist de stêd yn in koart skoftke tiid in grutte hoemannnichte kriichsark te meitsjen, mar it bliek dochs net genôch te wêzen om de Romeinske oermacht de baas te bliuwen.