Kartago: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
dien
red
Rigel 103:
Yn it noarden fan de stêd wie de [[sitadel]] op de heuvel ''Byrsa'' dêr't by de fal fan Kartago yn 146 f.Kr. in fûle slach levere waard. Op Byrsa stiene in stikmannich timpels. Se wiene frij ienfâldich, want ûnder Egyptysk ynfloed kaam it idee dat de goaden in hûs nedich hiene. It wiene fierders gjin grutte hillichdommen. De timpel fan [[Esmun]] stie boppe-oan sechtich treppen en de timpel fan [[Tanit]] stie op de eastlike helling fan de heuvel. Ek stiene der lúkse huzen op Byrsa.
 
Besuden de sitadel wie de ''[[tofeettofet]]'', in âld en bysûnder begraafplak, dat doe't it oanlein waard bûten de stêd lei. Dêr wie it "Hillichdom fan Tanit" fêstige dêr't in stikmannich [[stêle]]n mei ynskripsjes derop yn stiene. Yn guon fan dy grêven waarden bonken fan bern fûn, dêr't letter fan tocht waard dat der berne-offers makke waarden. Ek koe't in bernebegraafplak west hawwe.
 
It merkplein (''agora'') wie tusken ''Byrsa'' en de haven situearre. Dat wie it sintrale hannelsplak fan de stêd. Dat plein hie njonken in merkefunksje ek in politike en religieuze funsje. Oan it plein stiene alters en riedhuzen en de hearskjende [[suffeet|suffeten]] hiene harren residinsje dêr ek. Ek wiene der oare lytsere pleinen oan de râne fan de stêd by de poarten boud. Der wiene lange, smelle, rjochte strjitten dy't op al dy pleinen útkamen. De wiken dêr't dy strjitten trochhinne rûnen waarden as ien hiel ûntwurpen. Troch de hichteferskillen waarden der treppen yn de strjitten oanlein, lykas de sechtich treppen dy't nei de timpel fan Esmun laten. De huzen wiene tige ienfâldich opset; it wiene fjouwer- of rjochthoekige blokken, dêr't de muorren fan mei kalk ferve waarden. Yn it midden fan it hûs wie in binnenplak mei iepenloft. Letter feroare dat justjes, doe't de Grykske ynfloed grutter waard. Doe kamen der huzen mei rôze [[semint]] en stikjes moarmer deryn. Kartago hie ek heechbou, in soarte fan de hjoeddeistige flatgebouwen. Dy heechbou moast wol seis ferdjippings hân hawwe, neffens in Grykske skriuwer út de Aldheid. Mar hoe't se der útsjoen hawwe is fierder net folle oer bekend.
Rigel 118:
Noardeastlik fan de Byrsa stiene it Romeinske teäter en it [[odeion]], dat in oerdutsen teäter wie. It teäter koe wol 5000 taskôgers hâlde en komt oarspronklik út de twadde iuw n.Kr., dochs it grutste part fan de hjoeddeistige oerbliuwsels komt fan letter. Fan it odeion is net folle mear fan oer, mar ynskripsjes, dy't oan keizer [[Septimius Sevearius]] opdroegen waarden, neame dat it gebou om 200 n.Kr. boud waard.
 
Noardeastlik dêrfan is it saneamde ''parc des villas romaines'', dêr't op in earder Punysk begraafplak de oerbliuwsels fan in stikmannich Romeinske filla's binne. De tredde iuwske filla ''de la volière'', neamd nei de oanwêzige fûgelmozaïken, waard fannijs restaurearre en befettet in antikwarium, dat in ûndergrûnsk ferwulft is.
 
Benoarden it fillapark is it ''basilica maiorum'', in ierkristlike basilyk út de fyfde iuw mei deselde boufoarm as de âlde Romeinske hannels- en rjochtsgebouwen.
Rigel 154:
 
=== Steatsopbou ===
[[Ofbyld:Karthago Tophet.JPG|thumb|Stêle op de tofeettofet fan Kartago]]
Kartago waard almeast troch in [[oligargy]] regearre, dy't út de rykste en wichtichste famyljes bestiene. [[Aristoteles]] neamde dat it bestjoer fan Kartago in mingsel fan in [[monargy]], [[aristokrasy]] en [[demokrasy]] wie. Fan de sechde iuw f.Kr. ôf waarden elts jier twa [[suffeet|suffeten]] keazen, dy't it foech hiene de folksgearkomste en de rie fan âlderlingen foar te sitten. De rie fan âlderlingen joegen de suffeten advys, lykas de [[Romeinske Senaat]] dat die. Dat orgaan hie hûnderten leden dy't libbenslang oansteld waarden. Frijkommende plakken waarden opfolle troch leden fan de woltierichste klasse. Guon fan harren koene as de 104 rjochters beneamd wurde. Yn in tiid fan krisis keas de folksgearkomste ien dy't mear foech krige om dy krisis de baas te wurden. It Kartaachsk bestjoersysteem like likernôch op dy fan it Romeinsk systeem.