Stedsteat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
stavering hifke neffens Taalweb
Rigel 1:
In '''stêdsteatstedsteat''' is in [[steat]] dy't bestiet út ien inkele [[stêd]] mei eventueel dêropta it [[plattelân]] yn 'e omkriten fan dy stêd mei wat lytsere [[delsetting]]s lykas [[doarp]]en en [[buorskip]]pen. Sokke steaten foarmen [[histoarysk]] sjoen de earste stap yn it [[steatsfoarming]]sproses dat late ta it ûntstean fan gruttere steatkundige ienheden. Ornaris begûn it mei in doarp dat stifte wie op in geunstich plak wat [[hannel]] en [[ferfier]] oangie. Dêrby koe it gean om in krúspunt fan [[hannelsrûte]]s, de [[mûning]] fan in [[rivier]] of in natuerlike [[haven]] (lykas in lytse beskutte [[baai]]). Troch it driuwen fan hannel groeide sa'n doarp út ta in stêd, dy't de direkte omkriten begûn te oerhearskjen.
 
Sokke stêdsteatenstedsteaten binne fral bekend út 'e [[Klassike Aldheid]], doe't benammen it [[Grykske Aldheid|âlde Grikelân]] opdield wie yn withoefolle fan sokke steatsjes, mei as wichtichsten [[Atene]], [[Sparta]] en [[Tebe (Grikelân)|Tebe]]. Yn it folgjende statium fan 'e steatsfoarming begûn de stêdsteatstedsteat in grutter omlizzend gebiet te oerhearskjen, wêrnei't er úteinlik útgroeie koe ta in [[ryk (steatkundige ienheid)|ryk]], sa't bgl. barde mei [[Rome (stêd)|Rome]] (it [[Romeinske Ryk]]) en mei [[Kartago]] (it [[Kartaachske Ryk]]).
 
Fan 'e [[Midsiuwen]] oant de [[Frânske Tiid]] wie in grut part fan [[Itaalje]] ferdield yn stêdsteaten. Bekende foarbylden dêrfan binne de [[Republyk Feneesje]] en de [[Republyk Genua]]. Oare foarbylden út dy tiid binne de [[Republyk Ragûsa]], yn wat no [[Kroaasje]] is, en de stêdsteaten dy't diel útmakken fan it [[Hillige Roomske Ryk]], lykas [[Frije Ryksstêd Hamburch|Hamburch]], [[Frije Ryksstêd Bremen|Bremen]] en [[Frije Ryksstêd Frankfurt|Frankfurt]].
 
Yn 'e [[tweintichste iuw]] waarden guon stêden, benammen as gruttere lannen it net iens wurde koene oer it eignerskip, soms ta [[frijstêd]] ferklearre, wêrmei't se yn prinsipe ek ta stêdsteatsjesstedsteatsjes makke waarden. Foarbylden binne de [[Frije Stêd Danzig (1920-1939)|Frije Stêd Danzig]], oan 'e noardkust fan [[Poalen]], dy't bestie fan [[1919]] oant [[1939]], de [[Ynternasjonale Sône fan Tanger]], yn [[Marokko]], dy't bestie fan [[1923]] oant [[1956]], en de [[Frije Sône fan Triëst]], oan 'e [[Adriatyske See]], dy't bestie fan [[1947]] oant [[1954]].
 
Hjoed -de -dei kinne [[Monako]], [[San Marino]], [[Singapoer]] en [[Fatikaanstêd]] omskreaun wurde as stêdsteatenstedsteaten, en op subnasjonaal nivo [[Hongkong]], [[Makau]], [[Gibraltar]] en de ûnderskate [[emiraten]] fan 'e [[Feriene Arabyske Emiraten]], yn 't bysûnder [[Dûbai (emiraat)|Dûbai]] en [[Abû Dabi (emiraat)|Abû Dabi]]. Ferskate oare lytse lannen fertoane oerienkomsten mei stêdsteatenstedsteaten, mar wurde frijwol nea sa omskreaun, lykas [[Bachrein]], [[Brûnei]], [[Katar]], [[Koeweit]], [[Lychtenstein]], [[Lúksemboarch (gruthartochdom)|Lúksemboarch]] en [[Malta]]. Fral Singapoer foldocht oan alle betingsten om in echte stêdsteatstedsteat neamd te wurden:
*it omfiemet mar ien delsetting, in stêd;
*it is folslein [[soevereiniteit|soeverein]] (wat yn it gefal fan Monako en Fatikaanstêd net sa is, mei't dy beskate dielen fan harren foech ôfstien hawwe oan [[Frankryk]], resp. [[Itaalje]]);