Westerkertiersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
 
Rigel 30:
== It Westerkertierske Taalgebiet ==
 
It Westerkertierske taalgebiet wurdt begrinzge troch de [[Drinte|Drintske]] provinsjegrins yn it súdeasten, de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] yn it easten en it [[ReiddjipRyddjip (rivier)|Ryddjip]] yn it noardeasten. Yn dy gebieten bestiet in floeiende oergong fan it Westerkertiersk nei twa oare [[Nedersaksysk|Nedersaksyske]] dialekten, it [[Noarddrintsk]] en it [[Grinzersk]]; de oergong nei it [[Hegelânsk]], dat oare kant it [[Ryddjip (rivier)|Ryddjip]] sprutsen wurdt, is fanâlds minder floeiend.
 
Yn it westen einiget it Westerkertierske gebiet abrupt dêr't it [[Frysk|Fryske]] taalgebiet begjint. De grins wurdt dêr fan súd nei noard foarme troch de [[Fryslân|Fryske]] provinsjegrins tusken [[Allardseach]] en [[De Wylp]], dan in tinkbyldige line dy't fan [[De Wylp]] oer [[Mearum]] nei [[De Grinzer Pein]] rint, oer it grûngebiet fan 'e provinsje [[Grinslân]], en dan wer de provinsjegrins fan [[Fryslân]], tusken [[De Grinzer Pein]] en it punt dêr't dy gearfalt mei de rivier de [[Lauwers]]. Benoarden dat punt rint it Westerkertierske gebiet troch yn 'e provinsje [[Fryslân]], dêr't it de doarpen [[Muntsjesyl]], [[Warfstermûne]] en [[Boerum]] yn it easten fan 'e gemeente [[Kollumerlân]] omfettet. It [[Kollumerlânsk]] is dus beheind ta dy trije doarpen. Yn it doarp [[Kollumerpomp]] wurdt it [[Pompstersk]], in [[Nedersaksysk]] oergongsdialekt tusken it [[Frysk]] en it Westerkertiersk sprutsen.
Rigel 37:
 
=== Relaasjes mei de oare Grinslânske Dialekten ===
It Westerkertiersk wurdt almeast as de minst Grinslânske foarm fan it [[Grinslânsk]] beskôge (op it [[Noarddrintsk]] nei, dat taalkundich sjoen ek ta de Grinslânske dialektgroep heart). Twaklanken dy't as typysk [[Grinslânsk]] beskôge wurde ("ai" en "ou"), komme yn it Westerkertiersk hast net foar; sterker noch, oant yn 'e tweintichste iuw stie it oan 'e oare kant fan it [[ReiddjipRyddjip (rivier)|Ryddjip]] sprutsen [[Hegelânsk]], dêr't dy klanken krekt in hiel soad yn foarkomme, yn it [[Westerkertier]] bekend as "''Poeps''" (oftewol Dútsk).
 
=== De Ynfloed fan it Nederlânsk ===