Hegelânsk: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
ts |
|||
Rigel 17:
}}
[[Ofbyld:Lânkaart_lokaasje_hegelânsk.GIF|left|thumbnail|De lokaasje fan it Hegelânske dialekt yn it Nedersaksyske taalgebiet.]]
It '''Hegelânsk''', inkeld ek wol ''Noardgrinslânsk'' neamd, is in [[Nedersaksysk]] dialekt dat sprutsen wurdt yn it [[Hegelân]], it noardlike part fan 'e provinsje [[Grinslân]]. It taalgebiet fan it Hegelânsk wurdt begrinzge troch de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] yn it suden, it [[Ryddjip (rivier)|Ryddjip]] yn it súdwesten, de [[Lauwersmar]] yn it noardwesten, [[it Waad]] yn it noarden, de [[Iems (see-eam)|Iems]] yn it noardeasten en it [[Damsterdjip]] yn it súdeasten. De stêden [[Delfsyl]] en [[Appingedam]], dy't oan 'e noardlike kant fan it [[Damsterdjip]] lizze, en dêrmei yn it [[Hegelân]], hearre taalkundich by it [[Aldamtsk]]e dialektgebiet.
It Hegelânsk wurdt tsjintwurdich sprutsen troch likernôch 55.000 minsken en is ien fan 'e fitaalste dialekten fan [[Grinslân]]. Lykwols nimt it sprekkerstal stadichoan ôf, mei't in bûtenproporsjoneel grut part fan 'e sprekkers út âlderen bestiet.
|