Hippo Regius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Side makke mei "thumb|Ruïnen fan Hippo Regius '''Hippo Regius''', ek bekend as '''Hippo''' of '''Hippone''' is de âlde namme fan de hjoeddeistige stêd Annaba yn it..."
 
No edit summary
Rigel 5:
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Mileve Hippo Thagaste in Numidia.JPG|thumb|Hippo Regius op de kaart fan Romeinsk Numydje, ''Atlas Antiquus'', H. Kiepert, 1869]]
Hippo is de latinisearre foarm fan it [[Punysk]]e ʿpwn (Punysk: 𐤏𐤐𐤅‬𐤍) dat mooglik besibbe wie oan it wurd ''ûbôn'', dat "haven" betsjut. It plak waard stifte troch [[Fenysjers]] fan [[Tyrus]] yn de [[tolfde iuw f.Kr.]] Om ûnderskaat te meitsjen fan [[Hippo Diarrhytus]], it hjoeddeistige [[Bizerte]] yn it noarden fan [[Tuneezje]], neamden de Romeinen it ''Hippo Regius'' ("Keninklik Hippo"), om't it de residinsje fan de [[Numydje|Numidyske]] keningen wie.
 
Line 14 ⟶ 15:
 
== Bisdom ==
[[Ofbyld:Basilique saint augustin annaba 4.jpg|thumb|Basilika fan Sint-Augustinus]]
Hippo wie in [[bisdom]] dat ien fan de suffraganen yn de eardere [[Romeinske provinsje]] [[Numydje]] wie. Sûnt Frânsk koloniaal bestjoer foel it ûnder it [[bisdom Constantine]]. Wat der hjoed-de-dei fan de âlde stêd oer is, binne in stikmannich ruïnen, in sikehûs, dat troch de [[Lytse susters fan de earmen]] boud waard, en in moaie [[Basilika fan Sint-Augustinus|basilika]] dy't oan Sint-Augustinus wijd waard. Under Augustinus wiene der op syn minst trije [[kleaster]]s yn it bisdom njonken it biskopskleaster.