Hippo Regius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L red
Rigel 10:
Hippo wie in havenstêd by de mûning fan de rivier de Ubus yn de Middellânske See. De stêd waard in Romeinske ''[[colonia (Rome)|colonia]]'' en kaam ta grutte bloei en waard de wichtichste stêd yn [[Romeinsk Afrika]]. It plak is faaks it meast ferneamd as it [[bisdom]] fan de [[hillige]] [[Augustinus fan Hippo]]. Yn [[430]] n.Kr. lutsen de [[Fandalen]] eastlik by de kust fan [[Noard-Afrika]] del en belegeren de ommuorre stêd Hippo Regius. Yn de stêd bidden Augustinus en syn [[preester]]s dat se sparre bliuwe mochten fan de oanfallers, want se wisten wol dúdlik dat wannear't de stêd falle soe, se fermoarde wurde soene of dat se harren bekeare moatte ta it [[arianisme]]. Op [[28 augustus]] [[430]], doe't de stêd al trije moanne lang belegere waard, ferstoar Augustinus yn de âldens fan 75 jier, mooglik troch ferhongerjen of stress. De weet yn it weetlân lei der mar wat by want it waard net rispe. Nei 14 moanne fan honger en sykten dy't de stêd pleagen, foel de stêd en [[Geiserik]], de Fandaalske kening, makke it de earste haadstêd fan it [[Fandaalske Ryk]] oant [[Kartago]] yn [[439]] troch de Fandalen oermastere waard.
 
De stêd waard troch de [[Byzantinen]] yn [[534]] oermastere yn de [[Fandaalske Oarloch]], doe't de Fandaalske gebieten ynlive waarden troch it [[Byzantynske Ryk]] (Eastromeinske Ryk). Yn [[698]] waard de stêd troch de [[Arabieren]] oermastere en dy bouden de stêd yn de [[achtste iuw]] fannijs op. Fan doe ôf waard de stêd bekend ûnder syn nije (Arabyske en kolonjalekoloniale) nammen.
 
Sa'n trije kilometer fierderop stiften de Berberske [[Siriden]] yn de [[alfde iuw]] it plak ''Beleb-el-Anab''. De [[Spanjerts]] besetten it plak trije jier lang yn de [[sechtjinde iuw]]. Yn [[1832]] kaam it ûnder Frânsk bestjoer en waard it plak ''Bône'' of ''Bona'' neamd, en waard it ien fan de bestjoerssintrums fan it departemint Constantine yn Algerije. It hie doe 37.000 ynwenners, dêr't 10.800 oarspronklike bewenners (9.400 moslims en 1.400 naturalisearre Joaden) fan wiene. 15.700 wiene Frânsken en 10.500 wiene minsken om utens wêrûnder in soad Italjanen.
 
== Bisdom ==
[[Ofbyld:Basilique saint augustin annaba 4.jpg|thumb|BasilikaBasilyk fan Sint-Augustinus]]
Hippo wie in [[bisdom]] dat ien fan de suffraganen yn de eardere [[Romeinske provinsje]] [[Numydje]] wie. Sûnt Frânsk koloniaal bestjoer foel it ûnder it [[bisdom Constantine]]. Wat der hjoed-de-dei fan de âlde stêd oer is, binne in stikmannich ruïnen, in sikehûs, dat troch de [[Lytse susters fan de earmen]] boud waard, en in moaie [[BasilikaBasilyk fan Sint-Augustinus|basilikabasilyk]] dy't oan Sint-Augustinus wijd waard. Under Augustinus wiene der op syn minst trije [[kleaster]]s yn it bisdom njonken it biskopskleaster.
 
=== Konsylje fan Hippo ===