J.J.A. Ploos van Amstel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Top8 (oerlis | bydragen)
Rigel 8:
 
Wat guon fan de tsjerkerie, en mei namme âlderling Reitsma, ûnrêstich makke, wie dat Ploos it der hieltyd faker oer hie om de [[Nederlânske Herfoarme Tsjerke]] mar te ferlitten en fierder te gean mei in suvere tsjerke. Ploos hearde Reitsma oan, mar gie syn eigen gong. Uteinlik krige hy de hiele tsjerkerie mei. Der waard yn 't geheim besletten om út de Herfoarme Tsjerke te gean. Doe kamen der harkers en de tsjerkerie krige it benaud. As Ploos wier fuortgie, sieten se mei harren beslút om harren ôf te skieden en koenen net wer in opfolger beroppe.
Yn 1886 fûlfoel it offisjele beslút. Reitsum gie as fjirde gemeente yn Nederlân mei mei de [[Doleânsje]].
Ploos is doe yn Reitsum bleaun. De lêste jierren binne swier foar him west. Hy krige sûkersykte, wêr't doe neat oan te dwaan wie.
Op 2 augustus 1895 is yn er Reitsum ferstoarn. Hy waard by de herfoarme tsjerke begroeven.