Pieter de Clercq: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Pieter de Clerq.jpg|thumb|''Pieter de Clercq'']]
'''Pieter de Clercq''' ([[Amsterdam]], [[21 jannewaris]] [[1849]] - [[Zeist]], [[9 maaie]] [[1934]]) wie in [[bankier]] út Amsterdam dy't him ynsette foar it [[Frysk]] op skoalle en yn 'e tsjerke. Hy fêstige him as grutlâneigner yn [[Feanwâlden]], dêr't er in filla sette liet, it lettere [[Talmahûs]], doe't er 50 jier wie. Hy hie ûnder mear grûn by [[Mullum]], [[Wytmarsum]] en [[Skettens]], en gie as in patriarchaal hearsker mei syn pachtboeren om.
 
De Clercq wie in soan fan Pieter de Clercq Gsn en Aaltje Stinstra (fan Frjentsjer). Hy troude yn [[Krefeld]] ([[Noardryn-Westfalen]]) op [[23 juny]] [[1874]] mei Maria Catharina Müller (1854 - Zeist, [[22 septimber]] [[1931]]); hja krigen fiif bern.
 
De Clercq learde it [[Frysk]] fan de skriuwer [[Gerben Postma]] út [[Moarrewâld]]. Yn 1900 waard syn foarstel ta it befoarderjen fan it Frysk yn it ûnderwiis troch it [[Frysk Selskip]] oannaam en krige er in sit yn de ûnderwiiskommisje fan it Selskip. De kommisje skreau in priisfraach út foar it skriuwen fan in Frysk learboekje. Sels skreau er in 'Lytse Fryske Spraekleare' (1904) en hie er plannen foar akten Frysk foar leger- en middelberûnderwiis. Teffens wie er stifter fan it 'Underwiisfûns foar de Fryske tael'. Hy skreau oer de wearde fan in Fryske bibeloersetting en publissearre mei oaren de evangeeljes fan ''[[Evangeelje fan Mattéus|Mattéus]]'' en ''[[Evangeelje fan Markus|Markus]]'' yn it Frysk.