Bram van der Vlugt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk
 
No edit summary
Rigel 21:
== Libben en wurk ==
===Jonkheid===
Van der Vlugt wie in soan fan luitenant-kolonel Abraham Rutger van der Vlugt (1905-1965) en de [[Joaden|Joadske]] Ellen Stokvis (1906-1944). Yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] waard syn mem troch de [[Nazy-Dútslân|nazys]] nei [[Auschwitz]] deportearre en dêr rekke sy wei. Omdat harren heit net-joadsk wie, liete de Dútsers Van der Vlugt en syn âldere broer Fred gewurde. Yn 1945 ferlearen se harren hûs by it bombardemint op it Bezuidenhout. Syn heit boaske fannijs mei Gerarda Huter (1909-1991) dy't al twa bern hie út in earder houlik. Van der Vlugt folge syn toanieloplieding oan de Toanielskoalle yn [[Amsterdam]]. Dêrnei spile er sân jier by Toanielgroep Studio.
 
===Karriêre===
 
;Sinteklaas
Tusken 1986 en 2010 spile er faak de rol fan [[Sinteklaas]], yn't foarste plak by de jierlikske yntocht yn Nederlân, mar ek yn it telefyzjeprogramma ''De Club van Sinterklaas'' en oare telefyzjeprogrammas lykas ''Goede tijden, slechte tijden'' (2006), ''Life & Cooking'' (2004 en 2006), ''De Wereld Draait Door'' (2008 en 2010), ''MaDiWoDoVrijdagShow'' (2010) en ''Sint & De Leeuw'' (2005 – 2011, 2018). Yn 2019 spile er Sinterklaas foar it lêst yn de film ''De Brief voor Sinterklaas'' út 2019.
 
===Priveelibben===