Bram van der Vlugt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 20:
== Libben en wurk ==
===Jonkheid===
Van der Vlugt wie in soan fan luitenant-kolonel Abraham Rutger van der Vlugt (1905-1965) en de [[Joaden|Joadske]] Ellen Stokvis (1906-1944). Yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] waard syn mem troch de [[Nazy-Dútslân|nazys]] nei [[Auschwitz]] deportearre en dêr rekke sy wei. Omdat harren heit net-joadsk wie, liete de Dútsers Van der Vlugt en syn âldere broer [[Fred van der Vlugt|Fred]] gewurde. Yn 1945 ferlearen se harren hûs by it bombardemint op it Bezuidenhout yn De Haach. Syn heit boaske fannijs mei Gerarda Huter (1909-1991) dy't al twa bern hie út in earder houlik. Van der Vlugt folge syn toanieloplieding oan de Toanielskoalle yn [[Amsterdam]]. Dêrnei spile er sân jier by Toanielgroep Studio.
 
===Karriêre===
Van der Vlugt woe al betiid akteur wurde. mar op oanstean fan syn âldelju soe er earst boukunde yn Delft studearje. Dêr rekke er belutsen by it studintetoaniel. Fan 1958 ôf folge er dochs noch in toanieloplieding oan de Toaneelskoalle Amsterdam, dêr't er yn 1961 ôfstudearre as akteur en [[regisseur]]. Stúdzjegenoaten dêre wiene ûnder oaren Hetty Verhoogt, Guido de Moor en [[Aart Staartjes]]. Fan 1961 ôf oan wie er sân jier oansletten by Toanielgroep Studio, dy't fan 1962 ôf yn Flaamsk kultuersintrum ''De Brakke Grond'' yn Amsterdam dwaande wie mei eksperiminteel toaniel. Van der Vlugt waard bekend troch syn haadrol as dokter Finlay yn de telefyzjerige ''Memorandum van een dokter'' dy't fan 1963 oant 1965 útsjoerd waard. Yn 1970 wie er ien fan de oprjochters fan Toanielgroep Sater. Hy spile dêr sels oant 1974. Dêrnei wie er by wikseljende selskippen en yn de frije sektor te sjen. Foar syn rol yn it toanielstik ''Kopenhagen'' krie er yn 2000 de Louis d'Or, de priis foar de bêste manlike haadrol.