Donald Trump: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L presidint-ôf
L [[]] oars
Rigel 49:
Trump betocht ek de [[bynamme]] ''Crooked Hillary'' ("Kriminele Hillary") foar Clinton, om't se neffens him skuldich wie oan [[machtsmisbrûk]] en [[moard]] (op 'e trije Amerikaanske [[diplomaat|diplomaten]] dy't omkommen wiene by de [[oanfal op de Amerikaanske ambassade yn Benghazi]]). Hy warskôge har dat er derfoar soargje soe dat se yn it [[tichthûs (finzenis)|tichthûs]] bedarje soe as hy de ferkiezings wûn. Ek [[e-mailskandaal fan Hillary Clinton|Clinton har e-mailskandaal]] waard wer oprakele en Trump besocht sels it [[Lewinsky-skandaal]], út 'e tiid fan it [[presidint]]skip fan Hillary har [[oarehelte|man]] [[Bill Clinton]], tsjin har te brûken. Clinton sels sloech werom mei û.m. ferwizings nei Trump syn misse setten yn it sakelibben en syn [[frouljushaat|denigrearjende útspraken oer en hâlding foar froulju oer]], sa't bgl. oan it ljocht kaam troch in [[lûdsopname]] út [[2005]], dêr't er op swetste oer it útheljen fan [[ûnwinske yntimiteiten]] by [[frou]]lju, û.m. troch se by de [[fagina]] te gripen. Neitiid kamen fyftjin froulju nei foarren dy't him fan [[seksuële oantaasting]] beskuldigen.
 
Neffens [[opinypeiling]]s wiene beide kandidaten tige ympopulêr by de gewoane Amerikanen, mar Trump noch mear as Clinton. Nettsjinsteande dat, en tsjin 'e útslaggen fan alle [[opinypeiling]]s yn, wûn Trump op [[8 novimber]] [[2016]] de presidintsferkiezings fan Clinton. De reden dêrfoar wie net, sa't de Republikeinen hawwe woene, dat de Trump in nije groep kiezers foar harren oanboarre hie, want der stimden minder minsken op him as dat der yn [[2012]] op [[Mitt Romney]] en yn [[2008]] op [[John McCain]] stimd hiene. Krektoarsom, de reden dat Trump de ferkiezings wûn, wie dat in grut part fan it Demokratyske elektoraat thúsbleau. Hoewol't der goed 2,5 miljoen stimmen mear op Clinton útbrocht waarden as op Trump, krige dy lêste troch it Amerikaanske kiesstelsel (dat net per útbrochte stim rekkenet, mar [[Amerikaanske steaten|steat foar steat]]) de mearderheid fan 'e [[kiesman (Feriene Steaten)|kiesman]]nen yn it ''[[Electoral College]]'' efter him.
 
By de tige polarisearre [[Amerikaanske presidintsferkiezings (2020)|Amerikaanske presidintsferkiezings]] fan [[2020]] waard Trump ferslein troch syn Demokratyske tsjinstanner [[Joe Biden]].