Minister-presidint: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
 
Rigel 1:
In '''minister-presidint''' (meartal: ministers-presidinten), dat letterlik "foarsittend [[minister]]" betsjut, is in [[regearingslieder]] dy't gjin [[steatshaad]] is. De plakferfanger fan in minister-presidint is in [[fise-minister-presidint]]. Yn [[Nederlân]] en it grutste part fan 'e wrâld wurde de termen 'minister-presidint' en '[[premier]]' (letterlik: "earste [minister]") as [[synonym|synonimen]] brûkt. Yn beskate [[lân|lannen]] bestiet der lykwols ûnderskie tusken dy beide funksjes. Dêrby is de minister-presidint dan ornaris de lieder fan it nasjonale regear, wylst de premier oan it haad stiet fan it regear fan in [[dielsteat]] of [[provinsje]].
 
Sa'n sitewaasje bestiet yn [[Kanada]], [[Austraalje (lân)|Austraalje]] en [[Súd-Afrika]]. De regearingslieder fan bygelyks de provinsje [[Alberta]] of de steat [[Queenslân]] is dus in premier (''premier''), wylst de lieders fan 'e federale regearings fan Kanada en Austraalje oantsjut wurde as minister-presidint (''prime minister''). Yn [[Dútslân]] en [[Eastenryk]] bestiet in ferlykbere sitewaasje, wêrby't de regearingslieders fan 'e ûnderskate bûnslannen, lykas [[Noardrynlân-Westfalen]] of [[Tiroal (dielsteat)|Tiroal]], as premier betitele wurde, al sprekt men dêr foar de lieder fan it federale regear net fan minister-presidint, mar fan [[bûnskânselier]]. Krekt oarsom is it yn [[Belgje]], dêr't de lieders fan 'e [[gewest (Belgje)|gewesten]] en de [[mienskip (Belgje)|mienskippen]] foar minister-presidint trochgeane en de lieder fan it federale regear foar premier.
 
==Sjoch ek==