Lichte kruser: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
L typfl
 
Rigel 3:
In '''lichte kruser''' is in lyts oant middelgrut type [[oarlochsskip]]. De beneaming is fan oarsprong in [[ôfkoarting|ferkoarte foarm]] fan "lichtbepânsere [[kruser]]", wêrmei't in soarte [[skip]] beskreaun waard dat de swiere bepânsering fan 'e saneamde [[swiere kruser]]s miste.
 
De lichte kruser waard ûntwikkele út it eardere [[pânserdekskip]], dat yn [[1878]] yntrodusearre waard troch de [[Grut-Brittanje|Britske]] [[Britske Keninklike Marine|Keninklike Marine]]. Tsjin it begjin fan it [[Ynterbellum]] hiene har út dat earderseardere skipstype twa soarten [[kruser]]s ûntjûn: de lytsere, lichter bewapene en lichter bepânsere lichte kruser en de gruttere, swiererswierder bewapene en swierder bepânsere [[swiere kruser]]. Yn 'e [[tekst]] fan it [[Marineferdrach fan Londen]], út [[1930]], waard de lichte kruser omskreaun as in kruser mei [[kanon (wapen)|kanonnen]] fan in [[loop (fjoerwapen)|loopdiameter]] fan 6,1 [[inch]] (155 [[mm]]) of lytser, wylst swiere krusers kanonnen mei in loopdiameter oant 8 inch (203 mm) hiene. Yn beide gefallen mocht it skip net grutter wêze as 10.000 [[ton (gewicht)|ton]].
 
Yn 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] waarden lichte krusers benammen ynset as flugge(re) better manûvrearbere eskorteskippen, dy't de folle gruttere [[fleandekskip]]pen en [[slachskip]]pen, en ek [[konfoai]]en [[keapfardijskip]]pen, beskermje moasten tsjin [[bombardemint|loftoanfallen]]. Nei ôfrin fan 'e oarloch rekken earst slachskippen en [[slachkruser]]s, doe swiere krusers en úteinlik ek lichte krusers efterhelle, mei't troch modernere [[technology]] en mear avansearre [[wapen]]systemen al harren taken útfierd wurde koene troch lytsere (en dus goedkeapere) marineskippen, lykas [[torpedoboatjager]]s en [[fregat]]ten.