Sake P. Roodbergen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Lotje (oerlis | bydragen)
L wikilink
Rigel 5:
 
Roodbergen basearret syn fyzjes oangeande natoerbelibbing en it brûken fan de natoer -ek it ljipaaisykjen- op de 'wise and sustainable use'-útgongspunten fan de ''International Union for the Protection of Nature and Natural Resources'' (IUCN) yn Genève (1947). Fan de santiger jierren ôf wie it ljipaaisykjen bot polarisearre rekke yn kringen fan natoerbeskermers. De wichtichste tsjinstanner waard Vogelbescherming Nederland (VBN) yn Zeist, dy't him fûl tsjin it ljipaaisykjen fersette. Roodbergen skreau út namme fan it BFVW-haadbestjoer yn tal fan tiidskriften en kranten, regionaal, provinsjaal en nasjonaal, oer it wêzen en de betsjutting fan it ljipaaisykjen, en de needsaak om mei dat fenomeen fanút it eachpunt fan de (greidefûgel)beskerming hoeden om te gean. Yn it maartnûmer fan it jier 2000 ferskynt yn it kwartaalblêd ''Fryslân, Nieuwsblad voor Geschiedenis en Cultuur'', ûnder redaksje fan Meindert Schroor, in bydrage fan Roodbergen mei de titel ''Een eeuw vogelbescherming in maatschappelijk perspectief'', mei de subtitel 'Van het 'houtsje fan Grutte Tseard' en de 'aaisikerskaart'.
Somtiden mei oaren skreau hy in stikmannich boeken oer it ljipaaisykjen en de relaasje mei beskerming en edukaasje. Yn novimber 1991 ferskynt it boek ''Kievit tussen Pet en Wet''. Roodbergen makket dit boek -in ''update'' fan it boekje ''Hijkes en Sijkes'', dat makke waard troch de Ljouwerter Krante- as lid fan it Deistich Bestjoer fan de BFVW, tegearre mei Hans Wiltenburg, redakteur fan it BFVW-tiidskrift ''Vanellus'', en Fokke Tuinstra, lid fan de PR-kommisje fan de BFVW. Pieter Breuker skreau it lêste haadstik, oer ljipaaisikerstaal. Prof.dr. Karel H. Voous, emeritus-heechlearaar Dierkunde oan de Vrije Universiteit yn Amsterdam, skriuwt in aardich foaropwurd, dat hy beslút mei de sin: "''Moge de kievit, ondanks niet te miskennen achteruitgang van zijn aantallen in deze eeuw, nog lang de koning der weidevogels blijven in Friesland, in de rest van Nederland en elders in Europa"''. Harrie Ernst fersoarge de redaksje. It boek waard útjûn troch de Friese Pers Boekerij bv (Drachten/Ljouwert). Yn april 1993 ferskynt in justjes wizige twadde printinge.
Ein 1991 skriuwt Roodbergen op fersyk fan it BFVW-haadbestjoer de saneamde Fleksibilisearringsregeling foar it fêststellen fan de slutingsdatum fan it [[ljipaaisykjen]]. Hy makket de slutingsdatum ôfhinklik fan de ûntwikkeling fan it foarjier; útgongspunt is de fyndatum fan it earste ljipaai yn de tsiende gemeente (fan de 31) yn Fryslân. De regeling wurdt troch de Algemiene Ledegearkomste fan maart 1992 oannommen. Tegearre mei de Twintener Bennie J. Oolbekkink stelt hy in list op fan de fynst fan it earste lanlike ljipaai fan 1900 ôf. Dizze list wurdt brûkt as fûnemint yn in artikel yn it Ingelsktalige fûgeltydskrift ''Ardea'', yn maart 2005. De skriuwers binne Christiaan Both, [[Theunis Piersma (biolooch)|Theunis Piersma]] en Roodbergen. De titel wurdt ''Climatic change explains much of the 20th century advance in laying data of Northern Lapwing'' Vanellus vanellus ''in the Netherlands'' .<ref>''Ardea'' 93: s. 79-88</ref>. Roodbergen wurket mei oan it ''Frysk Basiswurdboek foar it basis- en fuortset ûnderwiis,'' dat gearstald wurdt troch Geart[[Geert Vledder]] -syn eardere 'master' op de legere skoalle yn Grou- en Tetty de Jager-de Boer. Roodbergen nimt 'de biology' foar syn rekken. Dizze Afûk-útjefte ferskynt yn 1998.
 
Foar Jaap de Vries, ljipaaisiker en fûgelringer, skriuwt Roodbergen yn it begjin fan 1999 twa 'bijlagen' foar de twadde printinge fan it boek fan De Vries mei de titel ''Met een strootje te verleiden''. De bylage-titels binne: ''De Sulveren Ljip'' en ''Van de sluitingsdatum, B.F.V.W.-reservaten en nog wat''. Yn de neisimmer fan datselde jier 1999 skriuwt Roodbergen it haadstik ''De Deelen als natuurgebied'' foar it boek ''De Deelen'', in inisjatyf fan Thom Mercuur. Oare skriuwers binne Rink van der Velde, Peter C.Vos, Kerst Huisman, Oene G.Dijkstra, Hans en Marita de Jong, Sije van den Bosch, Evert Kramer en Thom Mercuur sels. It boek ferskynt yn de earste dagen fan it nije jier 2000. Yn desimber 1999 ferskynt it troch Roodbergen skreaune jubileumboek ''B.F.V.W. in vogelvlucht en perspectief'' oer de histoarje fan goed fyftich jier BFVW. It boek ''Een eeuw vogels beschermen'', it jubileumboek fan Vogelbescherming Nederland (VBN), gearstald troch Frank Saris en útjûn by de KNNV Uitgeverij yn Utert, ferskynt yn it neijier fan 2007. Yn de tarieding foar dit boek komt Frank Saris nei Akkrum om mei Roodbergen te praten oer it skeel tusken BFVW en VBN oer it ljipaaisykjen. Roodbergen jout him it BFVW-jubileumboek fan desimber 1999 mei en lit him de indieling yn haadstikken lêze. It VBN-jubileumboek giet ek yn op de ferskillen yn tinkwize tusken VBN en de BFVW. Roodbergen wurdt yn it VBN-boek sprekkend opfierd yn in kaderstik mei de titel: "Sake P. Roodbergen, voorvechter van de 'aaisikers'" (side 257). Yn in resinsje ('Persvers') yn it ''Vanellus''-nûmer 2007/6 giet Roodbergen djipper yn op de ynhâld fan it haadstik oer de BFVW, skreaun troch Gerrit Hekstra, de sekretaris fan it Biologysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy. Tegearre mei Johan Dijkstra, foarsitter fan 'Vanellus vanellus, vereniging van weidevogelbeheerders' skriuwt Roodbergen it haadstik ''Kievitseieren zoeken; van 'ljipaaisykjen' naar weidevogelbeheer'' yn it boek ''Beter één vogel in de hand...'', mei as ûndertitel ‘''vogelvangst, valkerij en eieren zoeken in ambacht, cultuurhistorie en wetenschap''’, dat, foarsjoen fan in wiidweidige literatuerlist, yn 2008 útkomt by de KNNV Uitgeverij yn Zeist. Yn 2009 ferskynt syn boek ''Ljippen, lân en leafde'', syn earste Frysktalige boek oer it ljipaaisykjen, dat it wêzen en de technyk fan it ljipaaisykjen beljochtet en dêrnjonken yngiet op in tal wichtige maatskiplike aspekten fan dat ferskynsel. Op 15 april 2009 skriuwt Arjen Bakker yn it Friesch Dagblad in resinsje; hy neamt it boek 'een lyrisch pamflet vóór de traditie van het kievitseierenzoeken'.
Line 28 ⟶ 29:
Yn novimber 2014 wurdt yn It Wiid by Earnewâld de Frysktalige [[app]] '[[Fauna yn Fryslân]]' presintearre. Resultaat fan in inisjatyf fan de [[Utjouwerij Wijdemeer|Provinsje Fryslân, Utjouwerij Wijdemeer]] (Louw Dijkstra) út Ljouwert en it [[Taalburo Popkema]] ([[Anne Tjerk Popkema]]) fan Grins. [[Naturalis Biodiversity Center]] yn [[Leien|Leiden]] fersoarget de technyske produksje en jout wittenskiplike ûndersteuning. De ynfolling wurdt realisearre yn gearwurking mei [[It Fryske Gea]]. Roodbergen fersoarget de biologyske ynhâld, makket de groslist fan de twahûndert bistesoarten (in kar út alle tsien biste-haadgroepen), soarget foar de foto's, skriuwt teksten en sprekt de soartteksten yn. Der wurde al daliks plannen makke foar in ferfolch, mar dan oer de Fryske floara.
 
Op 22 april 2015 wurdt Roodbergen frege troch âld-direkteur Emile Brugman fan de Uitgeverij Atlas-Contact yn Amsterdam/Antwerpen om in monografy te skriuwen mei as titel ''De kievit.'' Dat boek kin beskôge wurde as de opfolger fan de monografy oer dy greidefûgel fan de Fries-om-utens [[Rinke Tolman]] út 1969. ''De kievit'' is it tolfde diel fan in fûgel-rige dy't de útjouwerij oan it gearstallen is en wêryn al earder monografyen ferskynden oer de [[Rotgoes]], [[Toerswel]], [[Noardske falk]], Ka, [[Skries]], Koekoek, Protter (Spreeuw), Mosk (Huismus), [[Goudfink]], Klyster (Merel), [[Markol]] (Meerkoet) en Sulvermiuw. Nei De kievit ferskine De Raaf, De Tapuit, de Turkse tortel en de Zwarte specht. It projekt fan ''De kievit'' krijt it karakter fan in twatalige simultaan-útjefte as Louw Dijkstra fan Utjouwerij Wijdemeer oanjout dat hy graach de Frysktalige ''pendant'' útbringe wol. Dat idee krijt it kontraktueel fêstleine fiat fan Atlas-Contact. Op 23 maart 2018 wurdt ''de Ljip'' presintearre by boekhannel Van der Velde yn [[Snits]]. <ref>''Boek in Fries en Nederlands over 'heraut van maityd''', [[Frysk Deiblêd]], 24 maart 2018, s.24</ref> [[Freark Smink]] hat as <nowiki>'ynterviewer/presintator''</nowiki> in haadrol yn dy presintaasje. Yn it [[Friesch Dagblad]] wurdt oandacht jûn oan it ferskinen fan ''de Ljip.''<ref>''Verschoppelingen van de schepping in de spotlight'' yn: Frysk Deiblêd, 11 maaie 2019</ref> Op 28 maaie ferskynt it boek ''De kievit'' by de Amsterdamske ütjouwerij Atlas-Contact, de tolfde monografy yn de rige, de twadde oer in greidefûgel, en de earste dy't skreaun is troch in Fryske auteur. BNN/VARA Vroege Vogels (Rob Buiter) besteget op snein 10 juny oandacht oan it ferskinen fan ''De kievit''. De Ljouwerter Krante jout op 20 juny oandacht oan it útkommen fan sawol 'de Ljip' as 'De kievit'; de skriuwer is Cor de Boer. Op 23/24 juny ferskynt yn NRC Handelsblad in resinsje oer ''De kievit'' dy't skreaun is troch Nienke Beintema. Yn it deiblêd Trouw stiet op 17 july in ferhaal oer De kievit (en De zilvermeeuw) fan de hân fan Joop Bouma. Yn it earste nûmer fan it jier 2019 fan it kwartaaltydskrift ''De Levende Natuur'' -de 120e jiergong, nûmer 1- skriuwt de Fryske biolooch Eddy Wymenga in resinsje oer 'De kievit'. Wymenga, direkteur fan it ekologysk advysburo Altenburg & Wymenga yn Feanwâlden, wie ien fan de meiwurkers oan it boek '''Kieviten en Plevieren; Ljippen en Wilsters''<nowiki/>', fan 2013; hy beskriuwt dêryn de Sporenkievit. Fûgelleafhawwers dy't in eigen ynformative webside ûnderhâlde besteegje ek oandacht oan it útkommen fan ''De kievit.'' Adri de Groot (www.vogeldagboeken.nl) pleatst in wiidweidige resinsje op 25 maaie 2018; Jako de Groot (www.Visdief.nl) docht dat op 2 novimber.
 
Yn de hjerst fan 2017 makket de ûnderwiisbegeliedingstsjinst Cedin yn Drachten (dhr. Jelle Bangma) in flyer oer de fiif oant dan ta ferskynde Frysktalige natoergidsen fan Roodbergen. De flyer wurdt oan alle Fryske basisskoallen en oan de learkrêften biology fan it fuortset ûnderwiis tastjoerd. Fan heal oktober oant begjin novimber 2018 makket Roodbergen mei syn frou Anneke de Jong (mei fjouwer freonen) in reis nei [[Ekwador]] en de bysûndere [[Galapagoseilannen]]. Roodbergen en syn frou Anneke sjogge û.o de prachtige Blue morpho, in grutte tropykse dieflintersoart, as sy yn in eko-lodge ferbliuwe oan in sydrivier fan de [[Amazône (rivier)|Amazône]]. Op de Galapagoseilannen sjogge sy de legendaryske grutte lânskyldpodden dy't [[Charles Darwin]] ek moete. Mei dizze reis fan fjouwer wiken giet in lang koestere winsk yn ferfolling.