Heraut: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Lotje (oerlis | bydragen)
+wikilink
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Heralds at Garter Service.jpg|thumb|right|''De herauten fan de [[Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk|Britske Keninginne]] yn in optocht yn Windsor.]]
 
In '''heraut''' of folút '''Heraut fan Wapens''' wie yn de Europeeske midsiuwen in funksjonaris dy't, klaaid yn in [[tabbert]], in gewaad fersierd mei it wapen fan syn master tsjinstdie as boadskipper en seremoanjemaster.
Rigel 5:
Herauten wienen ûnskeinber en waarden troch harren hear as boadskipprs brûkt. De kennis fan de heraldyk dy't de herauten by it organisearjen fan [[toernoai]]en opdienen makke harren ta de autoriteiten op it mêd fan [[heraldyk]] en [[etikette]].
 
Ek no noch binne der herauten yn funksje. Yn Ingelân en Skotlân trede se op by grutte plechtigheden en binne se belutsen by it ûntwerpen en takennen fan wapenskylden. Hjirby joegen se [[wapenbrief|wapenbrieven]] ôf. Herauten waarden bystien troch harren learlingen, ek bekend as [[pursuivant|persevanten]] ( fan it Frânsk "poursuivant").
By de ynhuldiging fan keninginne Beatrix yn 1980 wienen der noch herauten yn tsjinst dy't de ynhuldiging fan de foarstinne symboalysk ferkundigen oan it folk op de Daam. Se droegen by dy gelegenheid noch wol in herautestêf, mar gjin herauterok of tabbert mear.