Sake P. Roodbergen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Lotje (oerlis | bydragen)
L wikilink
Lotje (oerlis | bydragen)
+wikilink
Rigel 2:
 
==Libben en karriêre==
Oant april 2001 joech Roodbergen [[Ingelsk]] en [[biology]]les oan de [[Mafû]] yn [[Akkrum]]. Hy wie ien fan de gearstallers fan de biologymetoade ''De Ogen van de Natuur''. Fan 1972 - 1997 wie Roodbergen bestjoerslid fan de Fûgelwacht Akkrum. Ein 1987 waard hy troch Gjalt de Groot, de foarsitter fan de[[Bûn Bondfan vanFryske Friese VogelbeschermingswachtenFûgelwachten]] (BFVW) frege om in sit te nimmen yn de BFVW-kommisje Beliedstarieding. De oanlieding wie in brief fan it Ministearje oangeande in nije fûgelwet, needsaaklik fanwegen de 'Europese Vogelrichtlijn', dy't yn 1979 ta stân kaam. It foarstel fan it ministearje wie om it ljipaaisykjen yn ús lân alhiel te ferbieden. De BFVW-kommisje krige fan it Haadbestjoer de opdracht om op ien A-4tje oan te jaan wêrom it ljipaaisykjen lanlik bestean bliuwe moast. Yn maart 1988 waard Roodbergen foardroegen en keazen yn it BFVW-haadbestjoer en yn july fan dat jier waard hy Deistich bestjoerslid. Hy soe dat bliuwe oant it jier 2001. Yn dy perioade hie hy it ljipaaisykjen yn syn portefúlje. Fan maart 1994 oant april 2008 wie Roodbergen ek de [[haadredakteur]] fan it BFVW-tydskrift ''[[Vanellus]]''. Yn syn bestjoerlike perioade waard de Europeeske Habitat- en Fûgelrjochtline (april 1979) ymplemintearre (yn it jier 1993) en kaam yn Nederlân de Flora- en Faunawet (yn april 2002) ta stân. Roodbergen siet foar it BFVW yn it provinsjaal greidefûgelplatfoarm en wie lid fan de [[Provinsjale Kommisje Behear Lânbougrûnen]] (PCBL) dêr't de grûnslach lein waard foar agrarysk natoerbehear. Likernôch 25 jier letter, yn 2018, waard der yn Fryslân 13,5 miljoen euro útkeard oan de saneamde agraryske kollektiven. Fryslân is mei 18.707 hektare koprinner yn Nederlân mei dizze foarm fan natoerbehear dy't benammen giet om de greidefûgels.
 
Roodbergen basearret syn fyzjes oangeande natoerbelibbing en it brûken fan de natoer -ek it ljipaaisykjen- op de 'wise and sustainable use'-útgongspunten fan de ''International Union for the Protection of Nature and Natural Resources'' (IUCN) yn Genève (1947). Fan de santiger jierren ôf wie it ljipaaisykjen bot polarisearre rekke yn kringen fan natoerbeskermers. De wichtichste tsjinstanner waard Vogelbescherming Nederland (VBN) yn Zeist, dy't him fûl tsjin it ljipaaisykjen fersette. Roodbergen skreau út namme fan it BFVW-haadbestjoer yn tal fan tiidskriften en kranten, regionaal, provinsjaal en nasjonaal, oer it wêzen en de betsjutting fan it ljipaaisykjen, en de needsaak om mei dat fenomeen fanút it eachpunt fan de (greidefûgel)beskerming hoeden om te gean. Yn it maartnûmer fan it jier 2000 ferskynt yn it kwartaalblêd ''Fryslân, Nieuwsblad voor Geschiedenis en Cultuur'', ûnder redaksje fan Meindert Schroor, in bydrage fan Roodbergen mei de titel ''Een eeuw vogelbescherming in maatschappelijk perspectief'', mei de subtitel 'Van het 'houtsje fan Grutte Tseard' en de 'aaisikerskaart'.