Teake van der Meer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Keppeling om utens: earst sa mar
No edit summary
Rigel 4:
Van der Meer is de soan fan timmerman Hindrik van der Meer en wurdt ek wol "Lytse Teake fan De Westereen" neamd. Mei syn grifformearde famylje, hy wie ien fan de njoggen bern, (mar wol ien fan de stilste) song er yn de fyftiger en sechtiger jierren Fryske lietsjes. Fantasearje en prakkesearje, dat docht er it leafst, as jonkje fan fiif stapte er al op de stove om in mopke te fertellen. Nei de [[ambachtsskoalle]] yn [[Dokkum]] begûn er by toanielferiening Excelsior yn Sweagerfean. Letter wurke Teake by meardere selskippen, ek mei Fred Rootveld en de Musicals. Dêrnei is er mei optredens begûn op brulloften en feesten. Hy is ferneamd yn Fryslân om syn streektypes en de hilaryske sitewaasjes dy't er sketst. Al syn programma's binne yn it [[Frysk]]. Hy hat meardere [[langspylplaat|platen]] en [[kompaktskiif|cd]]'s makke mei syn programma's der op. Bekend waard er mei types as ''Appie mei Bello'', ''Auke Oargel'', ''Matsje fan Jan'' , ''Hindrikje'' en mear. Fan it iene op it oare momint krûpt er yn de hûd fan syn kreaasjes. As konferencier en fratsemakker fertelt er oan de keukentafel fan mem en frou syn belevenissen en set syn eigen útsprutsene fraachtekens by it libben fan al den dei. Hy spilet sa fierder yn de trant fan foargongers as [[Lytse Sjoerd]], [[Klaas Westra]] en [[Tetman de Vries]] mei teksten dy't er sels skriuwt. Minsken sear dwaan is him in grouwel. Ien fan syn foarbylden wie [[Tommy Cooper]].
 
Neist solo-optredens hat er syn show-kabaret, in jûnfoljend programma dat er docht mei toanielgûchelder/yllúsjonist [[Minze Dijksma]] en sjongster [[Griet Wiersma]]. Sa'n tritich jier lyn makke er namme mei de langspylplaat Friesland Plat dy't yn de Top-10 kaam. Dêrnei folgen noch sa'n tsien CD's en in tal DVD's. Yn 2002 fierde er syn 40-jierrich jubileum yn it artystefak. Dat brocht him yn doarpshuzen, feesttinten, toanielsealen, brulloften en by [[Friezen om utens]] yn Kanada, de Feriene Steaten en sels op cruiseskippen. SûntVan der Mear wie fan doel om yn 2015 op te hâlden nei de jublileumrevu ''50 jaar Teake van der Meer'', mar yn 2017 wiedsette er dwaandedochs noch útein mei synde ôfskiedstoerneesolofoarstelling troch''Noch Fryslânien kear'', dy't er bringe woe op alle plakken dêr't er earder op de planken stien hie. Dy toernee koe er lykwols net ôfmeitsje om reden fan de [[COVID-19|koroanapandemy]].<ref>''Lytse Teake (83) kon niet zonder podium''. Frysk Deiblêd, s.3, 29 desimber 2020</ref>
 
Teake van der Meer ferstoar yn âldens fan 83 jier, nei in koart siikbêd, oan de gefolgen fan asbestkanker.<ref>[https://www.lc.nl/cultuur/Volkskomiek-Lytse-Teake-van-der-Meer-overleden-26319958.html?harvest_referrer=https%3A%2F%2Fwww.google.com%2F Ljouwerte Krante, 28 desimber 2020]</ref>