Bommesmiter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L opmaak tikje oars
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 8:
==Soarten bommesmiters==
*[[Strategyske bommesmiter]]s binne benammen ûntwurpen om [[strategy]]ske doelen op grutte ôfstân fan 'e thúsbasis oan te fallen, lykas oare [[militêre basis|militêre bases]], [[fabriken]], [[skipswerf|skipswerven]], wichtige [[brêge]]n, ensfh. Foarbylden fan dit type bommesmiters binne de [[Avro Lancaster]], de [[Boeing B-17 Flying Fortress]], de [[Boeing B-29 Superfortress]], de [[Boeing B-52 Stratofortress]], de [[Northrop Grumman B-2 Spirit]], de [[Rockwell B-1 Lancer]], de [[Tûpolev Tû-16]] en de [[Tûpolev Tû-160]].
*[[Taktyske bommesmiter]]s binne ûntwurpen om foar it ûnderstypjen fan grûntroepen oer in slachfjild te fleanen en [[taktyk|taktyske]] doelen oan te fallen, lykas [[soldaat|troepekonsintraasjes]], [[tank (wapen)|tank]]s, [[brêge]]n, [[spoarline]]n, ensfh. Tsjin [[skip]]pen kinne net inkeld bommen, mar ek [[lofttorpedo|lofttorpedo's]] ynset wurde, dy't yn it [[oerflaktewetter|wetter]] dropt wurde en dan sels harren wei nei it doel fine. Yn 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] waarden foar it earst ek [[raket|grûndoelraketten]] ynset, dy't neitiid fierder ûntwikkele waarden ta [[stjoerde raket|stjoerde wapens]]. It giet by taktyske bommesmiters faak om saneamde [[dûkbommesmiter]]s. Foarbylden fan taktyske bommesmiters binne de [[Aichi D3A|Aichi D3A "Val"]], de [[Dassault Mirage 2000]], de [[Fairchild Republic A-10 Thunderbolt]], de [[Fairey Battle]], de [[Heinkel He-111]], de [[Heinkel He-177]], de [[Henschel Hs-129]], de [[Iljûsjin Il-2]], de [[Junkers Ju-87]] (better bekend as de Stuka), de [[Mikojan Goerevitsj MiG-27]], de [[Nakajima B5N|Nakajima B5N "Kate"]], de [[Sûchoi Sû-25]] en de [[Xian JH-7]].
*[[Jachtbommesmiter]]s binne fleanmasines mei in dûbele rol: se kinne tarist wurde foar it bombardearjen fan taktyske doelen, mar ek foar it bestriden fan 'e fleanmasines fan 'e fijân en foar útfieren fan loftgefjochten. Foarbylden fan sokke tastellen binne de [[Dassault Mirage 2000]], de [[F-16 Fighting Falcon]], de [[F/A-18 Hornet]], de [[Hawker Typhoon]] en de [[Panavia Tornado]].